Gilles Jan de Langen
Gilles Jan de Langen (Grins, 1959) is in Nederlânsk histoarikus en archeolooch.
De Langen promovearre op ûndersyk nei de midsiuwske ûntginningsskiednis fan Eastergoa. Hy is archeolooch yn Fryslân foar de Stichting Regionaal Archeologisch Archiverings Project yn Amsterdam. Hy beklaait de learstoel Archeology fan it Noard-Nederlânske terpen- en wierdenlânskip, fanwege de Stichting Groninger Universiteitsfonds. De learstoel is it resultaat fan gearwurking tusken de RUG en de provinsje Fryslân.
De Langen jildt as in ekspert op it mêd fan archeologysk ûndersyk nei terpen en wierden. Sintraal yn it wurk fan De Langen as heechlearaar stiet it ûndersyk nei de relaasje tusken bewenning en lânskip yn it klaai- en klaai-op-feangebiet yn de perioade izertiid – lette midsiuwen. Yn dy perioade spilet de ûntwikkeling fan de terpen in wichtige rol. It ûndersyk rjochtet him yn it bysûnder op de provinsje Fryslân.
Gilles de Langen studearre skiednis en prehistoarje oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG), dêr't er yn 1992 promovearre op Midsiuwsk Fryslân, de ekonomyske ûntjouwing fan Eastergoa yn de iere en folle Midsiuwen.
De Langen wurke as projektlieder archeologysk ûndersyk by Archeologysk Advys-buro RAAP yn Amsterdam. Hy wie foar RAAP haad fan de regionale fêstiging Noard-Nederlân. De Langen is redakteur archeology fan de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân.
Maart 2012 is De Langen bysûnder heechlearaar terparcheology oan de RUG wurden. [1]
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De archeologie van vroeg- en vol-middeleeuws Leeuwarden yn: Leeuwarden 750-2000 (1999)
- Verborgen verleden belicht. Introductie tot het historische en archeologische archief van Friesland (1996)
- Archeologische Monumentenzorg. Het blokhuis en de middeleeuwen van Stavoren yn: 'Fryslân' (1996),
- Archeologische Monumentenzorg. Heeft het Friese verleden wel een toekomst? yn: 'Fryslân'(1995)
- Middeleeuws Friesland. De economische ontwikkeling van het gewest Oostergo in de Vroege en Volle Middeleeuwen (dissertaasje, 1992)
- Terpenonderzoek in Noord Nederland yn 'Noorderbreedte' 1990
- Over altaren en grafkelders : archeologie op de noordelijke zandgronden der Republiek yn Groniek, 1982
- Bewoning in de vroege ijzertijd op het Kleuvenveld te Peelo (gem. Assen) mei P.B. Kooi yn: Nieuwe Drentse volksalmanak 1987
- mei oaren
- Akmarijp, dochterkerk in het ontginningsgebied yn 'Verborgen verleden belicht. Introductie tot het historische en archeologische archief van Friesland' (1996)
- De Hoogstraat van Leeuwarden: het oudste stedelijke Leeuwarden yn: Verborgen verleden belicht. Introductie tot het historische en archeologische archief van Friesland (1996)
- De Hege Wier bij Sexbierum: van hout naar steen yn: 'Verborgen verleden belicht. Introductie tot het historische en archeologische archief van Friesland'(1996)
- Stinzen, states en versterkingen, yn 'Verborgen verleden belicht. Introductie tot het historische en archeologische archief van Friesland' (1996)
- Tritsum: een buurschap in een knipkleigebied yn 'Verborgen verleden belicht. Introductie tot het historische en archeologische archief van Friesland' (1996)
- Foudgem: een klassiek rond terpdorp, yn: Verborgen verleden belicht. Introductie tot het historische en archeologische archief van Friesland' (1996)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|