Springe nei ynhâld

RAAP Archeologysk Advysburo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Archeologysk Advys-buro RAAP)

RAAP Archeologysk Advysburo (RAAP Archeologisch Adviesbureau) is in Nederlânsk ûndersyks- en advysburo dat archeologysk en kultuerhistoarysk ûndersyk (fral op it mêd fan lânskip) docht yn Nederlân en Flaanderen. It is it âldste finânsjeel ûnôfhinlike ûndersyksynstitút yn de archeology fan de Benelux [1].

Opgraving yn it Gelderske Vierakker, wêrby't in hûsplattegrûn út de Izertiid (800 oant 12 f.Kr.) bleatlein waard

De Stichting RAAP waard 1985 oprjochte fan wittenskippers fan de Universiteit fan Amsterdam mei it doel om archeologen sûnder wurk oan wurkûnderfining te helpen. RAAP sie doe noch foar Regionaal Archeologisch Archiverings Project; de Amsterdamske heechlearaar kultuerele prehistoarje en archeology fan de Romeinske tiid, Tom Bloemers, waard foarsitter fan it stichtingsbestjoer. Roel Brandt, universitêr dosint, en B.L. van Beek, wittenskiplik haadmeiwurker, wiene de oare bestjoersleden. Op basis fan tydelike subsydzjes waarden archeologyske streekynventarisaasjes útfierd, benammentlik oan de hân fan saneamde field surveys. Nei it tekenjen fan it Ferdrach fan Malta yn 1992 waard de juridyske konstruksje fan RAAP feroare (in besletten fennoatskip ûnder de stichting) om mei dwaan te kinnen yn in hieltyd kommersjeler wurdende merk, dêr't tal fan oare archeologysk oriïntearre bedriuwen stichte waarden. RAAP lei him yn 't earstoan ta op prospeksje-ûndersyk, benammen boarûndersyk. Doe't bedriuwen ek it foech ta opgravings krigen ferbrede RAAP syn wurkfjild en gong it him ek talizzen op oere ûnderdelen fan de AMZ-cyclus (lykas opgravings) en op belied en ynrjochting. Wilens is in grut part fan it wurk grûnûndersyk.[2] As gefolch fan it belied dat fuortkaam út de Nota Belvedere en troch de wiziging fan it Beslút romtlike oardening op 1 jannewaris 2012, waard de merk foar kultuerhistoarysk ûndersyk ek grutter.

De earste direkteur wie Roel Brandt (1940-2009), fan 1985 oant 1998, dy't opfolge waard troch Marten Verbruggen (1998-no).

RAAP jout advys op grûn fan eigen ynterdisiplinêr ûndersyk op it mêd fan de lânskips- en kultuerskiednis oer it maatskiplik en wittenskiplik omgean mei kultuerhistoarysk erfgoed. It buro stiet dêrneist bekend om har ynnovaasjess: RAAP makke de earste archeologyske ferwachtingskaarten yn Nederlân.[3]

RAAP hellet geregeldwei it nijs met syn archeologysk ûndersyk.[4][5][6][7] It buro is ûnder mear spesjalisearre yn grutte prospeksjeûndersiken en Archeologyske opgravings en it meitsjen fan kaarten (ek GIS-databanken), lykas geomorfogenetyske kaarten, archeologyske wearde- en ferwachtingskaarten, kultuerhistoaryske weardekaarten en beliedskaarten en -nota's doar dy dissiplines. Njonken dat binne der spesjalisten yn tsjinst foar ûnder mear archeologysk ûndersyk nei oerbliuwsels út de Twadde Wrâldoarloch [8], maritime argeology, geofysysk en boubiografysk ûndersyk. Under mear provinsjes, gemeenten, wetterskippen, terreinbehearders, projektûntwikkelers, agrariërs en ûntwerpers binne klant fan RAAP.

It advysburo bringt neist rapporten foar opdrachtjouwers en publikaasjes út foar in breder publyk, lykas Verborgen Kastelen in zicht [9] en de Cultuurhistorische Atlas Winterswijk [10]. RAAP hat fjouwer regiokantoaren (Leien, Sutfen, Drachten, Weert) en in haadkantoar (Weesp), en hat dêrnjonken in ôfdieling Flaanderen. It bedriuw hat goed 130 wurknimmers; njonken archeologen, fysysk-geografen en histoarysk-geografen wurkje der ek GIS-spesjalisten, redakteuren, dtp'ers, kartografen en grafysk ûntwerpers.
Dêrneist waard yn 2021 in ôfsûnderlik bedriuw foar opspoaring fan eksplosiven oprjochte: RAAP OPEX. [11]

  • Eickhoff, M., 2005. Van het land naar de markt. 20 jaar RAAP en de vermaatschappelijking van de Nederlandse archeologie (1985-2005). RAAP Archeologisch Adviesbureau, Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eickhoff, 2005
  2. Ynformaasje RAAP Archeologisch Adviesbureau, Weesp.
  3. Ankum, L.A. & B.J. Groenewoudt, 1990. De situering van archeologische vindplaatsen. Analyse en voorspelling. RAAP-rapport 42. Stichting R.A.A.P., Amsterdam
  4. 'Zo'n vondst maak je niet elke dag mee!'
  5. Vondst uit oudheid in Ermelo op Geschiedenis.nl
  6. Tien bijlen uit bronstijd gevonden, Eindhovens Dagblad, 10 novimber 2008
  7. Coehoorn: er zit méér vestingwerk in de grond, De Gelderlander, 1 oktober 2012
  8. Het onderzoek in en rond de villa
  9. Kasteleninnederland.nl
  10. Nieuwe cultuurhistorische atlas Winterswijk, Omroep Gelderland
  11. RAAP OPEX