Pieter Barteld Kooi

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Pieter Barteld Kooi, (Middelstum, 24 jannewaris 1943)[1] is in archeolooch.

Studearre biology en prehistoarje oan de Ryksuniversiteit Grins. Kooi promovearre yn 1979 op Pre-Roman urnfields in the north of the Netherlands. Sûnt 1976 is hy ferbûn oan it Biologysk-Archeologysk Ynstitút. Fan 1983 oant 1986 wie hy detasjearre by it Drintsk Museum, dêr't er lieding joech oan de archeologyske ôfdieling.

Fan 1977 - 1996 late hy de grutskalige opgravings yn Peelo, dêr't delsettings út de Izertiid, Romeinske tiid en Midsiuwen foar it ljocht kamen. Fierders die hy archeologysk ûndersyk nei grêven en delsettings yn Havelte, Buinen, Noard-Barge, Dalen en Borger. Dêrneist publisearre Kooi oer grêven út de izertiid en hoefizerfoarmige grûnspoaren (De orkaan van 13 november 1972 en het ontstaan van "hoefijzervormige" grondsporen, Helinium 14, 57-65). Hy wie lid fan de Wurkgroep Hunebêden (1983-1987) en redakteur fan de Nieuwe Drentse Volksalmanak (1985-1987) en de Drentse Historische Reeks (1983-1989).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. WieWasWie