Gids (berop)
In gids is immen dy't reizgers en toeristen troch ûnbekende gebieten of plakken hinne liedt. Dêrby kin men tinke oan in berchgebiet, in woastyngebiet of in oerwâld, mar ek oan in stêd of oare toeristyske bestimming of troch in gebou of oare besjensweardichheid. De term 'gids' kin ek ferwize nei in persoan dy't oaren nei abstraktere doelen ta liedt, lykas kennis of wiisheid.
Yn it ferline hierden ûntdekkingsreizgers dy't ûnbekende gebieten besochten (d.w.s. ûnbekend foar de Westerske wittenskip) faak pleatslike gidsen yn dy't bekend wiene mei it terrein en de geografy. Sa naam de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark yn 1804 de Yndiaanske frou Sacajawea yn 'e earm om harren te helpen by it ferkennen fan wat letter it Wylde Westen wurde soe. In oare ferneamde gids út it Wylde Westen wie Jim Bridger, dy't yn 1850 de nei him ferneamde Bridgerpas troch de Rocky Mountains ûntdiek en talleaze kolonisten troch de bergen late. Wer in oar foarbyld wie Tenzing Norgay, in Nepaleeske berchgids dy't yn 1953 troch de Nijseelanner Edmund Hillary ynhierd waard foar de beklimming fan 'e Mount Everest.
Op it mêd fan gidsen besteane der ferskate spesjaliteiten:
- angelgids: immen dy't op lân of see angelders nei geunstige plakken ta liedt om fisk te fangen
- berchgids: immen dy't him taleit op paadwizen by berchbeklimmings en ek kundich is op it mêd fan stienten, snie, iis, lawines en wat men fierder ek mar boppe op in berch oantreffe kin
- jachtgids: immen dy't ynhierd wurdt om op it mêd fan 'e plezierjacht kliïnten nei of troch in goed jachtgebiet of nei jachtwyld ta te lieden
- safarygids: immen dy't toeristen troch in natoergebiet liedt
- toergids: immen dy't by toeristen besjensweardichheden lâns liedt
- wyldernisgids: immen dy't as ûnderdiel fan 'e toeristyske yndustry ynhierd wurdt om kliïnten troch in gebiet fan wyldernis te lieden, en dêrby betûft is yn alle oerlibbingstechniken dy't men mar betinke kin, fan fjoermeitsjen en angeljen oant EHBO
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|