Springe nei ynhâld

Angeljen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Angelder)
In angelder mei in angel.

Angeljen, angelfiskjen of angelderij is in metoade fan fiskjen en de populêrste foarm fan sportfiskjen. Hjirfoar brûkt men in angel, dy't yn syn simpelste foarm bestiet út in stôk (angelstôk) mei dêroan in toutsje (angelsnoer of angeltou) mei oan 'e útein in heakje (angelhoek). It tou smyt men dan út oer it wetter, wêrby't it ûnderste part, mei it heakje, ûnder wetter komt te hingjen. Oan it heakje wurdt wat ies dien, lykas in wjirm of in lyts fiskje. As in gruttere fisk dy opfrette wol, komt er fêst te sitten oan it heakje en is er 'oan 'e heak slein'. Yn 'e regel sit der oan it angelsnoer ek in dôber of angelkoark, dy't op it wetter driuwt en troch de fisk ûnder wetter lutsen wurdt as er tabyt. Dêroan kin men dan daliks sjen dat men, sa't dat hjit, byt hat.

Der binne ferskate termen dy't mei angeljen te krijen hawwe. 'Poere' is angelfiskjen mei in troske wjirmen as ies, wêrby't men de angel lichtsjes op en del beweecht om 'e oandacht fan 'e fisken te lûken, mar net sa ferheftich dat men de fisken ôfskrikt. 'Bearzje', 'snoekbearzje' en 'snoekje' is angelfiskjen op bears, resp. snoekbears en snoek. 'Ieskje' is lytse fiskjes fange om as libben ies te brûken, en 'iesmeitsje' is it oan 'e heak slaan fan it ies. Iisfiskjen is in spesjale foarm fan angeljen, wêrby't in winterdeis in gat yn it iis seaget en dêr it angelsnoer troch sakje lit. By in 'barebyt' of 'weagebyt' liket it as hat men byt, mar yn wurklikheid dipt de dôber inkeld ûnder wetter troch de weachslach. By 'grûnbyt' giet de dôber ûnder trochdat it heakje op 'e boaiem fan it wetter earne oan fêst rekket. En by 'toarnebyt' rekket in fisk it ies wol oan, mar hapt er net ta. Fan in fisk dy't dat docht, seit men ek wol dat er 'tokket'.

Yn in grut part fan 'e wrâld, wêrûnder Nederlân, besteane der spesifike seizoenen dat men op in beskate soarte fisk angelje mei. Teffens is it sa dat de fisk in beskaat formaat hawwe moat, en dat ûndermaatske fisk weromset wurde moat. Boppedat moatte angelders yn Nederlân yn it besit wêze fan in fiskakte, dy't tsjin betelling te krijen is op it postkantoar, mar ek fia ynternet besteld wurde kin. As men jin net oan dizze regels hâlde, makket men jin skuldich oan streuperij, en kin men, as men trappearre wurdt, in flinke jildboete ferwachtsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.