Springe nei ynhâld

Geart fan Wou

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gherhardus fan Wou)
De Salvatorklok yn de Dom fan Utert

.

Maria Johannes Gerardus (Geert) fan Wou (Hintham, om 1440 - Kampen, 1527) wurdt beskôge as de wichtichste liedklokkejitter dy't Jeropa kend hat.

Geert fan Wou wie de soan fan in klokkejitter. Hy waard yn 1474 as poarter fan De Bosk ynskreaun. Yn 1477 socht er gearwurking mei de Boske jitter Gobel Moer, mei him geat er in grutte klok foar de Sint-Eusebiustsjerke yn Arnhim. It liket derop dat Geert fan Wou dêrnei selsstannich oant wurk gien is. Sa geat er yn 1479 in lytse foarslach foar de Domtoer fan Utert. In jier letter fêstige er him yn Kampen.

Gloriosa yn de Dom fan Erfurt fan Geert van Wou

Geert fan Wou hat syn reputaasje fral te tankjen oan syn swiere liedklokken, dy't er meast foar stêden yn Dútslân geat, sa as Hamburch, Osnabrück (weirekke), Recklinghausen (trije klokken, 1500), Braunschweig (trije klokken, 1502) en Erfurt. Foar Erfurt makke er yn 1497 de ferneamde klok Gloriosa mei in gewicht fan likernôch 11.400 kg. Dy klok tsjûget fan syn grutte betûftens yn it jitten mar ek fan syn omtinken foar fersieringen en opskriften. It liedwurk fan de Domtoer te Utert út 1505 is syn grutste prestaasje; it bestiet út leafst trettjin klokken dêr't de swierste fan 8100 kg waacht (de sân lytste binne yn 1664 omraand foar in nije beierd en yn 1982 rekonstrearre). Dochs krige er nei it foltôgjen fan de opdracht krityk fan it Domkapittel, faaks omdat de klank troch in wizige profyl oars wie as eardere klokken dy't er makke hie.

Nei 1507 waard er minder warber en geat syn klokken faak yn 'e mande mei syn styfsoan Johannes Schonenborch. Dat jildt ûnder oaren foar it swiere klokwurk foar Lübeck út 1507. De klokken út de perioade 1523 oant 1527, sinjearre mei Geert fan Wou, binne wierskynlik fan syn soan (dy't fan 1528 - 1542 mei Johan ter Steghe wurke) of neef mei deselde namme.

Yn totaal binne der sa'n 140 klokken fan Geert fan Wou bewarre bleaun. Neist klokken geat Geert fan Wou ek geskut.

Hy wie de pake fan muzikant Gert Cantor.[1]

By de bou fan Amsterdam-Súd waard yn 1880 in grutte strjitte parallel oan de Amstel nei him neamd, de Van Woustrjitte.

Geert fan Wou komt foar yn it boek Hasse Simonsdochter fan skriuwster Thea Beckman.

  • C.N. Fehrmann, De Kamper Klokgieters, hun naaste verwanten en leerlingen. Kok Kampen 1967 in útjefte fan de Nederlandse Klokkenspel Vereniging. (gjin ISBN)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fideo's

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fehrmann, C.N. (1961). Twee kleinzonen van de Kamper klokgieter Geert van Wou. Yn: Kamper Almanak, Frans Walkate argyf, Kampen.