Springe nei ynhâld

Germania (boek)

Ut Wikipedy
Germania
algemiene gegevens
oarspr. titel Germania
auteur Tasitus
taal Latyn
foarm non-fiksje
sjenre wittenskip
skreaun ±98 (n.Kr.)
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Germania
publikaasje 1937, Boalsert
útjouwer Utjouwerij A.J. Osinga
oersetter Willem Kok

De Germania, eins folút yn it oarspronklike Latyn: De Origine et Situ Germanorum ("Oangeande de Oarsprong en Sitewaasje fan de Germanen"), is in etynografysk wurk fan 'e hân fan 'e Romeinske skriuwer, histoarikus en steatsman Tasitus (56/57120). It boek datearret fan likernôch it jier 98, en is in beskriuwing fan lân en bewenners fan Germania, dat mânske gebiet fuort oarekant harren noardgrins, dat de Romeinen nettsjinsteande ferskate feroveringstochten nea betwinge kind hiene. Yn 'e Midsiuwen giene alle kopyen fan 'e Germania ferlern en foel it wurk oan 'e ferjitnis ta proai, oant der yn 1455 in manuskript fan opdoek yn 'e Abdij fan Hersfeld, yn Dútslân. Hoewol't Tasitus nea yn Germania west hie, en er syn ynformaasje dus op syn bêsten út 'e twadde hân hie, is Germania nei alle gedachten syn bekendste en meast weardefolle wurk, dat as iennichste (oerlevere) boarne oer de iere Germanen noch altyd fan histoarysk belang is. Foar Fryslân is it fan bysûndere betsjutting om't yn dit wurk foar it earst melding makke wurdt fan in folk dat Tasitus de Frisii neamd. It boek waard yn 1937 yn it Frysk oerset troch Willem Kok.

De Germania iepenet mei in beskriuwing fan 'e lannen, wetten en gewoanten fan 'e Germanen as gehiel; dêrnei giet it djipper yn op 'e ôfsûnderlike Germaanske folken, te begjinnen mei dy dy't it neist oan 'e grinzen fan it Romeinske Ryk libje, en einigjend mei dy dy't alhiel oan 'e fiere Eastseekusten wenje, mei dêrûnder de barnstiensykjende Aesti en Fenni, en de ûnbekende folken noch fierderôf.

Neffens Tasitus lykje de Germanen in naasje op harsels te wêzen, en net in gearmjuks fan harren buorfolken, mei't nimmen dêrfan yn in lân wenje wolle soe mei sa'n ferskriklik klimaat as dat Germania hat. De Germanen binne ferdield yn trije haadkloften: de Ingaevones yn it noardwesten, de Istaevones yn it noarden en noardeasten, en de Herminones yn it midden en suden. Dy trije groepen stamje ôf fan 'e trije soannen fan Mannus, de mienskiplike foarfaar fan alle Germanen. Fierders hawwe de Germanen ek allegear deselde rasiale skaaimerken gemien: blauwe eagen, rodzich blûn hier, en in mânsk postuer. Hja sette iverich mei dingen útein, mar kinne der net oer om lang ta te skreppen; honger docht har net folle, mar hjit waar hawwe se fan te lijen.

In lânkaart fan it Romeinske Ryk (yn rôs) en Germania (yn grien), mei de nammen fan guon Germaanske folken, dy't Tasitus yn syn boek beskreau.

Harren bestjoer beskriuwt Tasitus as min ofte mear basearre op fertsjinste, en ek frij egalitêr, mei liederskip dat wûn wurde moat troch sels it goede foarbyld te jaan, ynstee dat de foaroanmannen op in besteand gesach stypje kinne. Bestraffings wurde net útdield en útfierd troch de lieders, mar troch de preesters. Noch frjemder is dat de mienings fan froulju mei achtinge oanheard en yn omtinken nommen wurde. Tasitus beskriuwt ek in folksgearkomste, dy't de lettere beskriuwings fan sokke barrens troch oare auteurs net wanlyk is. Der wurdt yn it iepenbier mei-inoar oerlein, en de úteinlike beslissing wurdt nommen troch alle leden fan in stamme.

Fierderop giet Tasitus noch wat djipper yn op 'e rol fan froulju yn 'e Germaanske maatskippij, wêrby't er fertelt dat se gauris de manlju nei it slachfjild ta beselskipje om harren oan te fiterjen. Hy skriuwt dat de manlju oantrune wurde om fûleindiger te fjochtsjen fanwegen harren benaudens dat harren froulju finzen nommen wurde sille as hja belies jaan moatte. Ek stelt er fêst dat de Germanen, ôfsjoen fan altemets in politike ferbyntenis, de man genoegen nimme mei ien frou, in brûkme dat er op positive wize ferliket mei oare "barbaarske" kultueren, mooglik om't monogamy in skaaimerk wie dat de Germanen gemien hiene mei de Romeinen. Ek hellet er oan dat oerhoer tige seldsum is ûnder de Germanen, en dat in oerhuorrige frou tenei troch de hiele mienskip mijd wurdt, nettsjinsteande har skientme.

Yn 'e lettere haadstikken, dy't de beskriuwing fan spesifike Germaanske folken, harren wengebiet en guon fan harren folkseigen skaaimerken beslane, neamt Tasitus in protte nammen dy't oerienkomme mei dy dy't yn lettere histoaryske tradysjes ek op it aljemint komme. Lykwols binne der ek net te min dy't inkeld út 'e Germania bekend binne. Wat der fan dy folken wurden is, is ûnbekend. Oer de Frisii hie Tasitus net sa'n bjuster soad te melden, al ferdielde er harren wol yn 'e Frisii minores ("Lytsfriezen"), yn wat no Noard-Hollân is, en de Frisii maiores ("Grutfriezen") yn wat no Fryslân en Grinslân is. It is net dúdlik oft der echt in ûnderskie tusken dy beide groepen wie, of dat it ferskil inkeld yn Tasitus syn holle bestie, temear om't Tasitus nea sels yn Germania west hat, en syn ynformaasje dus op syn bêsten út 'e twadde hân ta ús komt.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Germania waard yn 1937 ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch taalkundige en learaar klassike talen Willem Kok (1903-1969), de lettere direkteur fan 'e Fryske Akademy. Dy fertaling waard yn in boekje fan 67 siden útbrocht by Utjowerij A.J. Osinga te Boalsert, as nû. 22 yn 'e rige De Fryske Librije.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tasitus, Germania (oers. Willem Kok), Boalsert, 1937 (Utjowerij A.J. Osinga), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.