Gerben Sonderman
Gerben Sonderman (Drachten, 29 desimber 1908 — Hagerstown, Maryland, Feriene Steaten, 20 oktober 1955) wie in Nederlânske fleander. Hy wie testpiloat by Fokker en wie goefreon mei Prins Bernhard.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sonderman waard berne as soan fan de direkteur fan it pleatslike gasfabryk. Hy waard oplieden ta militêr fleander op de militêre loftfeartskoalle yn Soesterberg. Nei 1938 wurke hy by Fokker as testpiloat. Yn 1940 waard er mobilisearre en op fleanfjild Waalhaven yn Rotterdam pleatst. By de Dútske ynfal yn maaie fan dat jier helle er as fleander by it Wapen fan de Militêre Loftfeart mei in Fokker G.1 jachtkrúser trije Dútske fleantugen del. Hy waard in skoft troch de Dútsers ynternearre en gie letter by it ferset. Yn 1942 dûkte hy koarte tiid ûnder by de yn Nederlân wenjende Dútske bankier en keunsthanneler Alois Miedl, mei wa't er al foar de oarloch befreone rekke wie. Sonderman waard dêrnei rjochterhân fan kolonel P.J. Six fan de Oardersjinst. Mei in radiostjoerder, dy't yn in appartemint yn de Amsterdamse Wolkeskraber ferburgen wie, stie it twatal yn kontakt mei Prins Bernhard. Oan de ein fan de oarloch fleach Sonderman nei befrijd gebiet yn in De Havilland Leopard Moth D.H. 85 dy't oan it begjin fan de oarloch yn in loads yn de Amsterdamske haven ferstoppe wie.
Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Sonderman testpiloat foar Fokker. Sa makke hie op 18 desimber 1947 de earste flecht mei in Fokker S11 lesfleantúch. Dêrneist wie hy adjudant yn bûtengewoane tsjinst fan Keninginne Juliana, en persoanlik piloat en freon fan Prins Bernhard. It twatal reizge ûnder mear yn 1951 nei Argentynje, dêr't de prins Juan Peron besocht.
Sonderman krige in Brûnzen Liuw foar syn wurk yn it ferset, en in Fleanderkrús foar syn aksjes yn de maaiedagen fan 1940. Sonderman ferûngelokke yn de Feriene Steaten by in demonstraasjeflecht mei in Fokker S.14 straaltrener. It regearingsfleantúch Fokker F-27 PH-PBF, dat op 19 maaie 1960 de DC-47A PH-PBA ferfong, waard "Gerben Sonderman" doopt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk piloat
- Frysk soldaat
- Frysk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk piloat
- Nederlânsk soldaat
- Nederlânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Persoan dy't omkommen is by in fleantúchûngemak
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Drachten
- Persoan berne yn 1908
- Persoan stoarn yn 1955