De Havilland Leopard Moth D.H. 85

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
de Havilland D.H.85 Leopard Moth

DH.85 Leopard Moth VH-UUE Wangarratta Vic 17.03.88 edited-2.jpg

Rol Partikulier gebrûk, ferkenner
Makker de Havilland Aircraft Company
Untwerper
Earste flecht 27 maaie 1933
Yn tsjinst 8 july 1933
Ut tsjinst
Tal makke 133 (1933-1936)
Brûkers Priveegebrûk yn Feriene Keninkryk en Austraalje, militêr yn alve lannen
Farianten gjin
De Leapard Moth mei optearde fleugels

De de Havilland D.H.85 Leopard Moth wie in as heechdekker útfierde, trijepersoans sportfleantúch, ûntwurpen en makke troch de Britske fleanmasinefabrikant de Havilland Aircraft Company út 1933.

Untwerp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Leopard Moth wie de opfolger fan de D.H.80 Puss Moth dêr't ek ûnderdielen fan itselde wiene. It tastel like in protte op syn foargonger, mar yn't plak fan in stielen buisframe krige it nije tastel in lichter houten frame. Dat hie fan gefolch dat de prestaasjes fan it tastel bot ferbetteren mei gebrûk fan itselde type motor. De fleander siet midden foar yn foar de twa passazjiersstuollen. De fleugels koene opteard wurde foar stâljen yn de hangaar.

Operasjonele skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It prototype fleach foar it earst op 27 maaie 1933 en wûn july dat jier de King's Cup Race' mei in trochseed faasje fan 224.5 km/o; Geoffrey de Havilland wie de piloat. Totaal waarde der 133 tastellen boud, 71 foar partikuliere yn Grut Brittanje en 10 foar Austraalje. Teffens waarden tastellen ferkocht oan Frankryk, Dútslân, Yndia, Súd-Afrika en Switserlân. De produksje fan de Leopard Moth einige yn 1936.

Yn de Twadde Wrâldoarloch kamen 44 Leopard Moths yn militêre tsjinst yn Grut-Brittanje, Austraalje en noch wat oare lannen, meast waarde se brûkt foar ferbiningsdoelen. Nei seis jier yntensyf gebrûk wiene der noch een pear oer dêr't in lyts tal fan 70 jier nei produksje noch fleanree wiene. Yn 2009 wiene der yn it Feriene Keninkryk noch seis tastellen fleanree.

It earste prototype Leopard Moth


Technyske gegevens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan siden sjoen
Kenngröße Gegevens
Bemanning 1
Passazjiers 2
Langte 7,50 m
Spanwiidte 11,40 m
Hichte 2,70 m
Fleugeloerflak 19,1 m²
Gewicht leech 640 kg
Startgewicht 1.010 kg
Topfaasje 221 km/o
Krúsfaasje 192 km/o
Klimfaasje 2,8 m/s
Tsjinstplafond 6.550 m
Fleanberik 1.090 km
Oandriuwing ien 4-sylinder-linemotor de Havilland Gipsy Major fan 95 kW

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]