Fokker S.11
De Fokker S.11 Instructor is in ienmotorige lesfleanmasine mei twa sitplakken en propelleroandriuwing. De fleanmasine hat in Lycoming O-435-A boksermotor mei in fermogen fan 190 hk.
Yn dit twadde nei-oarlochske ûntwerp fan Fokker sitte de ynstrukteur en de learling neist elkoar. It prototype, de PH-NBE, waard op 18 desimber 1947 troch Gerben Sonderman ynflein.[1]
Bysûnder oan dit tastel binne de grutte cockpit en de knikte poaten fan it lâningsgestel. Efter de sitplakken sit in bagaazjeromte, in tredde stoel of in ekstra brânstoftank fan 114 liter.[2] Dizze lesfleanmasine waard brûkt troch de Keninklike Loftmacht en de Keninklike Marine. Teffens waard it ferkocht oan Israel en yn lisinsje boud yn Itaalje en Brazylje.[3].
De S. 12 wie in ferzje mei in noastsjel..[4]
Feiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bemanning: 2
- Lingte: 8,15 m.
- Spanwiidte: 11,0 m.
- Hichte: 2,40 m.
- Wjukoerflak: 18,5 m²
- Leechgewicht: 810 kg.
- Maksgewicht: 1.100 kg.
- Motor: 1 Lycoming O-435-A fan 190 hk
- Topfaasje: 209 km/o.
- Krúsfaasje: 165 km/o.
- Klimfaasje: 198 m/min.
- Fleanberik: 580 km.
- Tsjinstplafond: 3,850 km.
Brûkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Força Aérea Brasileira 100 tastellen yn de sechtiger jierren. Yn Brazylje hjit it tastel T-21
- Fuerza Aérea Boliviana Yn de santiger jierren waarden 8 tastellen fan Brazylje oernaam.
- Israelyske loftmacht 41 fleanmasines fan 1951 oant 1957.
- Aeronautica Militare 180 fleanmasines yn lisinsje boud as Macchi M.416[3][5]
- Keninklike Loftmacht
- Keninklike Marine - Marine Loftfearttsjinst
- Paraguayaanske loftmacht 8 fan Brazilië oernommen masines fan 1972 oant 1978.
Fergelykbere fleanmasines
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Fokker S-11 fleanhânboek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|