Springe nei ynhâld

George McGovern

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan George S. McGovern)
George McGovern
politikus
echte namme George Stanley McGovern
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 19 july 1922
berteplak Avon (Súd-Dakota)
stjerdatum 21 oktober 2012)
stjerplak Sioux Falls (Súd-Dakota)
etnisiteit Iersk
Skotsk
partij Demokratyske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 2000
Amerikaansk ambassadeur by de Itens- en Lânbou-organisaasje fan de F.N.
amtsperioade 19982001
foargonger Laurie Tracy
opfolger Tony P. Hall
Amerikaansk senator foar Súd-Dakota
amtsperioade 19631981
foargonger Joseph H. Bottum
opfolger James Abdnor
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 1ste Distrikt fan Súd-Dakota)
amtsperioade 19571961
foargonger Harold Lovre
opfolger Ben Reifel

George McGovern (folút: George Stanley McGovern; Avon (Súd-Dakota), 19 july 1922Sioux Falls (Súd-Dakota), 21 oktober 2012), wie in Amerikaansk politikus, diplomaat, histoarikus en skriuwer fan mingd Iersk-Skotsk etnysk komôf. Hy fertsjintwurdige de steat Súd-Dakota sawol yn it Hûs fan Offurdigen as yn 'e Senaat, en waard fral bekend doe't er it by de presidintsferkiezings fan 1972 as kandidaat foar de Demokratyske Partij om 'e nocht opnaam tsjin 'e sittende Republikeinske presidint Richard Nixon. Letter kaam by it Watergate-skandaal oan it ljocht dat Nixon McGovern en dy syn kampanje op fiergeande wize bespionearje litten hie en de op dy manear opdiene kennis brûkt hie om 'e ferkiezings te winnen. Dy iepenbierings laten ta de fal fan Nixon.

McGovern waard yn 1922 berne yn Avon, yn 'e steat Súd-Dakota, as de soan fan 'e wesleyaanske predikant Joseph C. McGovern, de soan fan in Iersk ymmigrant, en Frances McLean, in Kanadese dy't fan Skotsk komôf wie en hikke en tein wie yn Ontario. McGovern groeide op it rântsje fan 'e earmoede op yn Mitchell (Súd-Dakota), dêr't yn syn bernetiid de stofstoarmen dy't yn 'e tiid fan 'e Dust Bowl oer de flakten waaiden, in djippen yndruk op him makken, krekt as de sprinkhoannepleagen dy't dêr yn 'e Krisisjierren húsholden en it lijen fan 'e befolking noch slimmer makken. McGovern gie yn Mitchell nei de middelbere skoalle en fan 1940 ôf nei de lytse Dakota Wesleyan University dêre. Yn dyselde snuorje folge er fleanlessen en helle er syn fleanbrevet.

Militêre tsjinst en trouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Oanfal op Pearl Harbor melde er him oan by it Amerikaanske Leger, dat doe earst de tafloed fan nije rekruten net oankoe, mar úteinlik waard er yn febrewaris 1943 oproppen en tsjinne er as piloat by de Lofttsjinst fan 'e Amerikaanske Lânmacht, en fan 1944 ôf by de Amerikaanske Loftmacht, as piloat yn in bommesmiter. Hy fleach 35 missys fanút Itaalje om doelen yn Eastenryk, Hongarije, Tsjechoslowakije en Poalen te bombardearjen, en krige dêrfoar letter it Distinguished Flying Cross takend. Op 31 oktober 1943, wylst er op in trijedeisk ferlof wie, troude er mei Eleanor Stegeberg, út Woonsocket (Súd-Dakota), mei wa't er op 'e middelbere skoalle yn 'e kunde kommen wie doe't syn debateartiim it tsjin harres ôflizze moatten hie. Hja krigen fiif bern: Ann, Susan, Teresa, Steven en Mary.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch ferfolge McGovern syn stúdzje oan 'e Dakota Wesleyan University en oan 'e Noardwestlike Universiteit yn Chicago, dêr't er yn 1953 in doktoraat yn skiednis behelle. Fan 1957 oant 1961 fertsjintwurdige er Súd-Dakota yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en yn 1960 naam er it op tsjin 'e Republikein Karl Mundt, in formidabel figuer yn 'e Súddakotyske polityk, om in sit yn 'e Senaat. McGovern ferspijde Mundt en alles dêr't dy foar stie sa bot, dat er yn dy kampanje, nei eigen sizzen, "myn gefoel foar lykwicht" ferlear en der oer syn tsjinstanner soargeleas alderhanne wylde oantigings útblafte. De parse kearde him tsjin him, en hy ferlear de ferkiezing. Fan 1961 oant 1962 hie McGovern in funksje yn it Kennedy-regear, as direkteur fan it Food for Peace-programma, mar yn 1962 died er nochris in goai nei in senaatssit. Diskear wûn er, en fan 1963 oant 1981 siet er foar Súd-Dakota yn 'e Senaat.

As senator wie McGovern in eksponint fan it moderne Amerikaanske liberalisme (wat eins "frijsinnichheid" betsjut, en net betize wurde moat mei it liberalisme yn 'e algemiene politike kontekst bûten de Feriene Steaten). Hy stie bekend om syn útsprutsen wjerstân tsjin 'e oanboazjende Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch. By de presidintsferkiezings fan 1972 wist er as underdog de Demokratyske foarferkiezings te winnen, mar dêrby rekke de partij ideologysk slim tespjalten, en by de kampanje foar de eigentlike ferkiezings, wêrby't er it opnaam tsjin 'e sittende Republikeinske presidint Richard Nixon, gie der fan alles mis. De slimste flater wie McGovern syn oanwizen as running mate (fise-presidintskandidaat) fan Thomas Eagleton, in senator út Missoury, sûnder de man yn 't foar ûnder de lûp nommen te hawwen. Geandewei de kampanje kaam oan it ljocht dat Eagleton yn 'e jierren sechstich ferskate kearen opnommen wurden wie om elektroshockterapy te krijen (jierren letter waard by de man in bipolêre stoarnis, better bekend as manyske depressiviteit, fêststeld). Sadwaande waard er folslein ûngeskikt achte foar it fise-presidintskip en McGovern moast him úteinlik falle litte en yn syn plak Sargent Shriver, in sweager fan John F. Kennedy, oanstelle.

McGovern synjearret syn boeken yn 'e Richard Nixon Presidential Library and Museum (2009).

Mar troch de saak-Eagleton wie McGovern syn betrouberens foar it Amerikaanske publyk oer foargoed oantaaste, en Nixon wûn de ferkiezings mei de hannen op 'e rêch. Of dat hied er dwaan kind, mar de lichtlik paranoïde Nixon hie wis fan syn saak wêze wollen en de Demokraten oates en toates bespionearje litten, wat safier gie dat er sels yn it Watergate-gebou ynbrekke liet, om yn McGovern syn kampanjehaadkertier, dat dêr fêstige wie, om te sneupen. Mei de ynformaasje dy't er sa krige, helle Nixon ûnder de kampanje ferskate ûnderhânske streken út om McGovern yn 'e tsjillen te riden. Mar úteinlik wie it McGovern dy't yn dizze kwestje it lêst lake, doe't de moard útkaam troch it ûndersyk fan twa sjoernalisten fan 'e krante de Washington Post, Carl Bernstein en Bob Woodward. Troch dat saneamde Watergate-skandaal wie Nixon yn 1974 twongen om ôf te treden as presidint.

McGovern hie ûnderwilens syn karriêre as senator fuortset. Dêrby konsintrearre er him op saken dy't mei iten en itensswierrichheden fan dwaan hiene. Sa wied er by it gearstallen fan in rapport oer honger yn 'e Feriene Steaten belutsen as de foarsitter fan 'e oangeande senaatskommisje. Letter tsjinne er fan 1998 oant 2001 as de Amerikaanske ambassadeur by alle agintskippen fan 'e Feriene Naasjes dy't mei fieding (ûnderfieding ynbegrepen) en oare minsklike libbensnedichheden te krijen hiene. Yn 1980 waard er by de senaatsferkiezings ferslein troch de Republikeinske kandidaat James Abdnor.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er begjin 1981 de Senaat ferlitten hie, lei McGovern him ta op dosearjen en it jaan fan lêzings oan in ferskaat oan universiteiten en hegeskoallen, sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Jeropa. Yn 1984 besocht er it nochris by de presidintsferkiezings, mar doe waard er yn 'e Demokratyske foarferkiezings al ferslein troch Walter Mondale. Fan 1991 oant 1997 wied er foarsitter fan 'e Middle East Policy Council, in non-profitorganisaasje dy't de Amerikaanske befolking en politisy foarljochtet oangeande it Midden-Easten. Yn 1994 krige er op it persoanlike flak in klap te ferwurkjen doe't syn dochter Teresa, in alkoholiste, yn Madison, yn Wiskonsin, stomdronken yn in sniebank foel en stoar oan ûnderkuolling. Neitiid skreau McGovern it biografyske Terry: My Daughter's Life-and-Death Struggle with Alcoholism ("Terry: Myn Dochter har Wrakseling op Libben en Dea mei Alkoholisme", 1996), en sette er him yn foar lju dy't litten ûnder alkoholisme yn kombinaasje mei geastlike swierrichheden. Hy sei letter oer de dea fan syn dochter: "Soks komst nea te boppen, dêr bin ik wis fan. Kinst it safierhinne goedkrije datst dermei libje kinst, mear net."

Yn 'e jierren 2000 skreau McGovern noch in stikmannich oare boeken allinnich of mei oaren. Fan 2010 ôf begûn er yn 'e minnichte te reitsjen mei't er der soms samar hinne foel. Hy oerlibbe syn soan Steven noch, dy't op 27 july 2012 yn 'e âlderdom fan 60 jier kaam te ferstjerren nei in lange striid tsjin alkoholisme. Op 21 oktober dat jiers ferstoar George McGovern yn it sikehûs yn syn wenplak Sioux Falls, yn Súd-Dakota. Hy waard 90 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, Notes en References, op dizze side.