Springe nei ynhâld

George Bird Grinnell

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan George B. Grinnell)
George Bird Grinnell
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme George Bird Grinnell
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 septimber 1849
berteplak New York (New York)
stoarn 11 april 1938
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje (soölogy, antropology,
etnology, hist. wurk)
perioade Belle Époque, 1e helte 20e iuw
tema's natoerbeskerming, Yndiaanske
   kultueren
bekendste
  wurk(en)
The Fighting Cheyennes
The Cheyenne Indians
jierren aktyf 18741938
offisjele webside
n.f.t.

George Bird Grinnell (20 septimber 184911 april 1938) wie in Amerikaansk soölooch, antropolooch, etnolooch, histoarikus en publisist. Hy wie ien fan 'e earste natoerbeskermers fan 'e Feriene Steaten en sette him yn 't bysûnder yn foar it fuortbestean fan 'e slim bedrige Amerikaanske bizon. Fierders ferdjippe er him ek yn 'e kultuer fan 'e Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten, dêr't er ferskate heech oanskreaune boeken oer publisearre.

George Bird Grinnell waard berne yn 'e Newyorkske wyk Brooklyn en studearre yn 1870 ôf oan 'e Universiteit fan Yale, te New Haven, mei in bachelorstitel yn soölogy, folge troch in doktoraat yn 1880. Oangeande syn wittenskiplik wurk konsintrearre er him op it mêd fan 'e noardlike Grutte Flakten, te begjinnen mei syn oanwêzigens, yn 1872, by de lêste grutte bizonjacht fan 'e Pâny (Pawnee). As doktoraalstudint beselskippe er generaal George Armstrong Custer op dy syn ekspedysje nei de Black Hills fan 1874, mar in selde oanstelling yn 1876, by de fjildtocht dy't einlings ta Custer syn delfal en dea yn 'e Slach oan de Little Bighorn liede soe, sloech er ôf.

It Nasjonaal Park Glacier, yn noardlik Montana.

Yn 1875 waard Grinnell troch kolonel William Ludlow, dy't er koe fan 'e ekspedysje nei de Black Hills yn it foargeande jier, útnûge foar in nije ekspedysje nei Montana en it doe krekt oprjochte Nasjonaal Park Yellowstone yn Wyoming. Op eigen manneboet foege Grinnell oan it ferslach fan dy ekspedysje in taheakke ta wêryn't er de omfang fan 'e streuperij yn Yellowstone dokumintearre. De ûnderfinings út dy jierren makken dat Grinnell him ûntjoech ta ien fan 'e earste natoerbeskermers fan 'e Feriene Steaten. Yn 1885, 1887 en 1891 besocht er de krite yn noardlik Montana dy't yn 1910 mei troch syn krewearjen it Nasjonaal Park Glacier wurde soe, en dêr't de nei him ferneamd Grinnellgletsjer leit. Yn 1899 makke er ûnderdiel út fan in wittenskiplike ekspedysje dy't de kust fan Alaska bestudearre.

Grinnell sette him syn hiele karriêre yn foar it behâld fan 'e lânseigen fauna fan Noard-Amearika, en publisearre wittenskiplike artikels en lobbyde by it Amerikaanske Kongres om 'e mei útstjerren bedrige bizon te rêden. Yn 1887 wied er, yn 'e mande mei û.m. generaal William Tecumseh Sherman, in held út 'e Boargeroarloch, en de lettere presidint Theodore Roosevelt, ien fan 'e oprjochters fan 'e Boone en Crockett Klub, dy't tawijd wie oan it behâld fan 'e Amerikaanske wyldernis. Mei it oannimmen fan 'e Beskermingswet foar Nasjonale Parken, yn 1894, krigen de natoerbeskermers einlings en te'n lêsten in wapen yn 'e hannen tsjin 'e neat-ûntsjende streupers, dy't de bizons fan Yellowstone tsjin 1902 werombrocht hiene ta net mear as 23 eksimplaren.

Njonken syn ynset foar natoerbehâld rekke Grinnell op 'e Grutte Flakten ek belutsen by de Yndianen. Hy lei him derop ta om antropology en skiednis te learen en sette útein mei de kultuer fan 'e Flakte-Yndianen te beskriuwen. Syn bekendste wurken binne dy oer de Sjajinnen (Cheyenne), wêrûnder The Fighting Cheyennes, út 1915, en it twadielige The Cheyenne Indians, út 1923. Hy beskreau ek it libben fan it Sjajinske opperhaad Lytse Wolf, mei wa't er goed befreone rekke. Teffens publisearre er boeken oer de kultueren fan 'e Pâny (Pawnee) en de Swartfuotten (Blackfeet). Grinnell stoar yn 1938.

By syn libben ferskynd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It grêf fan George Bird Grinnell (mei obelisk), yn De Bronx, yn New York.
  • 1889 – Pawnee Hero Stories and Folk-Tales
  • 1892 – Blackfoot Lodge Tales
  • 1895 – Hunting In Many Lands: The Book Of The Boone And Crockett Club
  • 1920 – The Story of the Indian
  • 1900 – The Indians of Today
  • 1901 – American Duck Shooting
  • 1901 – The Punishment of the Stingy
  • 1902 – Alaska 1899: Essays from the Harriman Expedition
  • 1904 – American Big Game in Its Haunts
  • 1907 – My Life As an Indian: The Story of a Red Woman and a White Man in the Lodges of the Blackfeet (troch James Willard Schultz, ûnder redaksje en mei in wurd foarôf fan Grinnell; werútjûn yn 2005)
  • 1910 – American Game-Bird Shooting
  • 1911 – Trails of the Pathfinders
  • 1913 – Beyond the Old Frontier
  • 1913 – Blackfeet Indian Stories
  • 1915 – The Fighting Cheyennes
  • 1920 – When Buffalo Ran
  • 1923 – The Cheyenne Indians, Vol. 1: History and Society
  • 1923 – The Cheyenne Indians, Vol. 2: War, Ceremonies, and Religion
  • 1926 – By Cheyenne Campfires
  • 1928 – Two Great Scouts and Their Pawnee Battalion
  • 1931 – The Boy Scout's Book of True Adventure, Fourteen Honorary Scouts (mei oaren, ynkl. in foarwurd troch Theodore Roosevelt)
  • 1933 – Hunting on Three Continents (red., mei Kermit Roosevelt, W. Redmond Cross en Prentiss N. Gray)

Postúm ferskynd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1970 – The Last of the Buffalo
  • 1972 – The Passing of the Great West
  • 1982 – The Whistling Skeleton: American Indian Tales of the Supernatural
  • 2007 – Native American Ways: Four Paths to Enlightenment

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. Dêr stiet ek in Partial list of works, in ûnfolsleine list mei Grinnell syn wurk.