Georg Walther
Appearance
Georg Ludwig Walther (Katwyk oan See, 18 septimber 1897 - Ljouwert, 16 novimber 1959) wie in yngenieur.
Nei syn ôfstudearjen oan de TH yn Delft kaam er yn tsjinst fan de PWS yn Assen, dêrnei fan in arsjitekteburo út Coevorden yn Borger. Fan 1928 ôf wurke er by Provinsjale Wettersteat, wie haadyngenieur (1947) en haad fan de tsjinst foar de ferbettering fan kanalen Strobos - De Lemmer en Foanejacht - Harns (1952). Yn 1958 waard er haadyngenieur-direkteur fan de Provinsjale wettersteat yn Fryslân. Skreau mei Klaas Arjens Rienks Binnendiken en Slieperdiken yn Fryslân (1954) en fierder yn Friesland toen, nu en straks (1952) en It Heitelân (1954) side 168-171.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|