Gemysk bestridingsmiddel
Gemyske bestridingsmiddels, pestisiden of biosiden binne stoffen dy’t brûkt wurde om sykten, pleagen of túch yn de lânbou te bestriden of organismen te bestriden dy’t lêst jouwe of skealik binne (bygelyks eamelders, ûngedierte, oantaasting fan materialen, algen, ûntsmetting fan dingen en ynstallaasjes en houtbeskerming). Jo ûnderskiede: gewaaksberskermingsmiddels (foar yn de lânbou) en biosiden (de oare). Yn it deistich taalgebrûk wurde bestridingsmiddels faak pestisiden neamd.
Ynlieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gemyske bestridingsmiddels binne gemyske stoffen dy’t toksysk binne foar it te bestriden organisme. Gemyske bestridingsmiddels kinne foar ferskate doelen ynset wurde. Yn de lânbou wurde se tapast om gewaaksen te beskermjen tsjin pleagen, sykten en oerwoekering troch túch. Yn dy tapassing wurdt faak praat oer gewaaksbeskermingsmiddels. It is dêrby wichtich dat it te beskermjen gewaaks en de konsumint minder gefoelich binne foar de fergiftige wurking fan de stof, as it te bestriden organisme.
Gemyske bestridingsmiddels wurde ek ynset om minsken, (domestisearre) bisten en materialen (rispringe of oarewei weardefol materiaal lykas dokuminten frij te hâlden fan pleagen of lestige organismen. Foar guon fan dy tapassings is der in oerlaap mei konservearringsmiddels, ûntsmettingsmiddels of genêsmiddels. Guon dingen wurde út technyk of estetysk eachweid mei gemyske bestridingsmiddels frijholden fan net-winske organismen, bygelyks wegering, kuolwetterynlitpipen of terrassen en plantsoenen. Yn dizze tapassing hjitte bestridingsmiddels biosiden.
Gemyske bestriding fan libbene organismen hat neidielen:
- de stof is meast net hielendal spesifyk, sadat net allinnich it te bestriden organisme mar ek oare organismen fergiftige wurde. Ommers, troch streamings yn de boaiem en atmosfear komme bestridingsmiddels ek op oare plakken telâne. Bestridingsmiddels ha ek oanstriid om yn de fiedselstring te akkumulearen. Dat probleem docht him benammen foar by persistinte stoffen (dat binne stoffen dy’t min ôf te brekken binne en noch lang nei de tapassings derfan yn it miljeu sitten bliiuwe).
- resistinsje tsjin it middel is troch de bank nommen it (werhelle) andert fan it te bestriden pleachorganisme. Skiekundigen dy’t by fabrikanten fan bestridingsmiddels yn it wurk steane binne al desennia fertroud mei de wedrin tsjin resistinte pleachorganismen.
Yn in tal gefallen is biologyske bestriding in goed alternatyf. Yn de ekologyske lânbou is it brûken fan gemyske bestridingsmiddels yn de measte gefallen ferbean.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1200 foar Kristus brûkten se yn Sina al kalk en houtjiske by de opslach fan produkten om parasiten te bestriden. Ek brûkten se plante-ekstrakt mei ynsektkearende wurking om gewaaksen te beskermjen.
De Romeinen brûkten swevel en bitumen tsjin blêdrôlers yn wyngerts.
Nei de midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de 16e iuw ôf begûnen se mei it brûken fan nikotine út tabak, pyretrinen út de Pyretrumplant en rotenon. Letter begûnen se middels basearre op anorganyske stoffen as arseen, koper, lead en kwik te brûken.
Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Twadde Wrâldkriich komme dan úteinlings de syntetyske bestridingsmiddels op gong.
Reaksje miljeubeweging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de publikaasje fan Silent Spring (yn it Nederlânsk oerset ûnder de titel Oude Lente) fan Rachel Carson yn 1962 waard wrâldwiid dúdlik dat der neidielen sitte oan it brûken fan bestridingsmiddels. De fergiftigens en persistinsje fan de middels, benammen fan ynsektisiden as de organyske gloarferbinings (DDT, dieldrin, aldrin) soargen derfoar dat ûnder rôffûgels in bulte stjerte foarkaam. Underwilens binne in soad skealike middels ferbean.
Moderne bestridingsmiddels binne ridlik gau ôf te brekken en hawwe in mear doelrjochte, spesifike wurking as de âldere middels.
In nije trend is it yn de merk setten fan in bestridingsmiddel en tagelyk in genetysk modifisearre gewaaks dat noch better oer it bestridingsmiddel kin. Sawol genetysk modifisearjen op himsels, eventuele patintkwestjes dêromhinne en de hegere doasis bestridingsmiddel dy’t brûkt wurde kinne meitsje dy praktyk diskutabel.
Hjoeddedei mei der yn it drinkwetter yn Nederlân mar ién fiif miljoenste gram pestisiden de liter sitte.
Typen bestridingsmiddels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestridingsmiddel wurde yndield yn haadgroepen op basis fan harren haadgearstalling:
Brûken fan bestridingsmiddels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestridingsmiddels wurde wolris beneamd op basis fan hokker organisme se bestride:
- Ynsektisiden: tsjin ynsekten (meast luzen, rûpen, miggen, tuorren, eamelders, neven en kakkerlakken)
- Larvisiden: tsjin larven
- Fungisiden: tsjin skimmels
- Herbisiden: tsjin túch
- Nematisiden: tsjin ieltsjes
- Algisiden: tsjin algen
- Akarisiden: tsjin miten
- Rodentisiden: tsjin kjifdieren
- Avisiden: tsjin fûgels
- Mollusiden: tsjin weakdieren
- Bakterisiden: tsjin baktearjes
- Firusiden: tsjin firussen
- Piskisiden: tsjin fisken
- Groeiregulatoaren: middels dy’t libbensprosessen fan planten beynfloedzje
Foar Nederlân steane de regels foar it brûken yn:
- Wet gewaksbeskermingsmiddels en biosiden (Wgb)[1]
- Beslút gewaaksbeskermingsmiddels en biosiden (Bgb)[2]
Risiko's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Miljeu
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestridingsmiddels kinne in neidielige ynfloed hawwe op it miljeu. Seldsume plante- en bistesoarten kinne yn it fuortbestean bedrige wurde. Dit probleem komt it meast nei foaren as it bestridingsmiddel net goed ôf te brekken is. Dat is benammen by de âldere soarten syntetyske bestridingsmiddels it gefal.
Sa is DDT ferneamd, om’t it him troch de fiedselstring ferpleatst fan ynsekten nei ynsekte-iters (lykas fûgels en fisken), en dêrútwei nei rôfdieren. Dit jildt ek foar kwikferbinings. De konsintraasje oan pestiside nimt de skeakel yn de fiedselstring ta. Dat proses hjit biologyske steapeling. Uteinlik berikke de pestisiden op dy wize de gruttere (rôf)dieren en de fleisitende minsk.
Fan dy stoffen wurde de risiko’s yn kaart brocht. Troch te testen witte se de letale doasis fêst te stellen.
Yn de lân- en túnbou wurde tsjintwurdich mei súkses hieltyd mear biologyske bestridingsmiddels ynset.
Folkssûnens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste gefaar foar de sûnens is as residuën (oerbleaune resten) fan bestridingsmiddels yn gewaaksen om te iten efterbliuwe. Dêrom mei fruit bygelyks net koart foar de rispinge bespuite wurde.
Der wurde inkeld ek hiel lytse hoemannichten bestridingsmiddels fûn yn drinkwetter dat út oerflaktewetter wûn is. De bestridingsmiddels kringe fan it lân ôf troch yn de sleatten en beken en yn it grûnwetter. It kin troch dat paad ek yn de molke telâne komme.
Der binne ek ynsidinten bekend wêrby’t mei pestisiden behannele siedguod dat út helpsindings komt, troch korrupsje by de ûntfangende partij as nôt foar minsklike konsumpsje ferhannele en brûkt is.
Regulearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeropeeske Uny
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1991 naam de Jeropeeske Uny in rjochtline oan om de evaluaasjeproseduere en it yn de merk setten fan gewaaksbeskermingsmiddels yn de lidsteaten te harmonisearjen; dizze rjochtline (91/414/EEG) gong yn wurking op 25 july 1993. Sûnt dy tiid oardielet de Jeropeeske Kommisje, op advys fan it Permanint Komitee foar de Fiedselstring en de Bistesûnens (sûnt 2002 is dat de Jeropeeske Autoriteit foar Fiedselfeiligens, EFSA, oer it al of net talitten fan wurksume stoffen yn de lannen fan de Jeropeeske Uny. Talitten wurksume stoffen wurde opnommen yn de taheakke I fan de rjochtline, ynklusyf harren karakteristike eigenskippen (graad fan suverens, maksimaal gehalte oan ûnsuverheden) en eventuele beheinings op it brûken.
De rjochtline 91/414/EEG is yn 2009 ferfongen troch in nijere feroardering 1107/2009, dy’t fan 14 juny 2001 ôf fan tapassing waard.[3]. Dy feroardering is net allinnich fan tapassing op wurksume stoffen mar ek op de kommersjele produkten dêr’t dy stoffen yn ferwurke binne. Fierder kin in talitting beheind wurde ta in part fan de Jeropeeske Uny; der binne trije sônes fêststeld:
- Sône A – Noard (Denemarken, Estlân, Letlân, Litouwen, Finlân, Sweden);
- Sône B – Sintraal (België, Tsjechië, Dútslân, Ierlân, Lúksemboarch, Hongarije, Nederlân, Eastenryk, Poalen, Roemeenje, Sloveenje, Slowakije, Grut Brittanje);
- Sône C – Súd (Bulgarije, Grikelân, Spanje, Frankryk, Itaalje, Syprus, Malta, Portugal.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân makket it Kolleezje foar it talitten fan gewaaksbeskermingsmiddels en biosiden út hokker middels talitten binne. Se ha in databank dêr’t ynformaasje oer bestridingsmiddels te finen is. It Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu is fan doel om it profesjoneel brûken fan gewaaksbeskermingsmiddels op ferhurdings en partikulier gebrûk yngeande novimber 2015 te ferbieden. It ferbod op profesjoneel brûken op sport- en rekreaasjeterreinen en parken stiet plend foar novimber 2017.[4]
Eksterne links
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeropa:
- EFSA, Pesticides
Nederlân:
- College voor de Toelating van Bestrijdingsmiddelen
- Onderzoeksgegevens in Nederland op kaart gepresenteerd
- Wet gewasbeschermingsmiddelen en biociden
Oare:
- PAN Pesticides Database (Alle gegevensboarnen yn Noard-Amearika oer bestridingsmiddels fia ién yngong ûntsletten)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |