Gelske Venema-Brouwer
Gelske Venema-Brouwer | ||
Reedrider | ||
Gelske Venema yn 1922 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 6 jannewaris 1876 | |
berteplak | De Koaten | |
stjerdatum | 20 jannewaris 1957 | |
stjerplak | De Westereen |
</noinclude> Gelske Venema-Brouwer (De Koaten, 6 jannewaris 1876 — De Westereen, 20 jannewaris 1957) wie in Fryske hurdrydster op de koartebaan. Yn de 28 jier dat se oan wedstriden meidie wûn se totaal 77 prizen en 20 preemjes.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gelske Brouwer waard berne op De Koaten, yn de gemeente Achtkarspelen, as skippersbern. Sy ferhuze letter nei Burgum. As bern koe hja al goed ride, mar har âlden woene net lije dat se oan wedstriden meidie. Venema-Brouwe sette mei wedstrydriden útein 1898–1899, nei har houlik mei Taeke Venema, in skipperssoan. Har earste wedstriid wie op de Nijstêd by Burgum. Se ried tegearre mei har man. Harren earste bern wie op dat stuit noch mar sân wike. Mei't har eigen redens op it skip fan har âlden wiene, ried se op liende redens.
In pear dagen letter die se mei har man fannijs mei oan in wedstriid yn Twizel. By dy wedstriid wûnen se de earste priis. Yn dat reedridersseizoen waard hja hieltyd sterker. Se wûn de earste priis op de kompetysje Nieuwebrug by Heechtsjerk en fersloech dêrmei Mina Oost. Letter die se mei oan wedstriden mei it heechste prizejild, en naam it sadwaande op tsjin de bêste riders. Se die net allinne mei yn Fryslân, mar wûn ek in soad prizen yn Grinslân. Se wûn ûnder oaren trije kear yn Helpman en fjouwer kear op De Like.
Se hat 10 winters meidien mei Douwe van der Meer fan Earnewâld. Yn ien winter wûnen sy in priis by eltse kompetysje dêr't sy oan meidiene. Ek hat hja tegearre mei Cornelis Velstra ferskate prizen wûn.
Yn 1903 wûn se yn ien wike op seis dagen efterelkoar seis earste prizen (yn Grou, Ljouwert, Koudum, Akkrum, Reduzum). Yn 1911 wie hja de fluchste rider yn in grutte kompetysje yn Tolbert. Yn de strange winter fan 1914-15 wûn se totaal f 600 oan prizen.
Yn de lêste jierren fan har riderskarriêre begûn har dochter Aaltje ek mei hurdriden. Sy koe sa hurd net ride as har mem, mar sy wûnen in priis en in preemje yn deselde kompetysje, ûnder oaren yn Appingedam.
Venema-Brouwer stoar yn de âldens fan 81 jier op De Westereen yn jannewaris 1957.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|