Springe nei ynhâld

Gefoelstemperatuer

Ut Wikipedy

Gefoelstemperatuer is in term foar it gefoel fan kjeld of waarmte dat in minske ûnderfynt by kâld waar mei wyn of by waarm, blakstil waar as it o sa near is. Under sokke omstannichheden wykt de minsklike persepsje fan 'e temperatuer ôf fan wat de reële temperatuer is. D.w.s. dat it kâlder, resp. waarmer oanfielt as it eins is. Wat hurder it waait by kâld waar, wat kâlder it oanfielt. By near waarm waar jildt: wat minder it waait, wat waarmer it oanfielt. As men it oer it ferskynsel 'gefoelstemperatuer' hat, giet it lykwols yn 'e measte gefallen om kjeld. Gefoelstemperatueren kinne echte, ornaris negative gefolgen hawwe. By ekstreme waarsomstannichheden binne yn Fryslân gefoelstemperatueren fan –28 °C foarkommen (14 jannewaris 1987).

Hoewol't by gefoeltstemperatuer de persepsje ôfwykt fan 'e reäliteit is dit ferskynsel gjin klearebare ferbylding, mar kin it echte, faak negative gefolgen hawwe, fral by kjeld. As it bgl. –2 °C is, mar troch in snijende wyn oanfielt as –10 °C, rekket men folle flugger jins lichemswaarmte kwyt en kinne men nei inkele oeren ûnderkuolle reitsje. By gefoelstemperatueren ûnder de –15 °C kin dat al nei ien oere barre en by gefoelstemperatueren fan ûnder de –20 °C bestiet nei in healoere ek by goed ôftichtsjende winterklean al in kâns op befriezingsferskynsels.

As de lucht om 'e minsklike hûd hinne kâlder is as de lichemstemperatuer, stiet de hûd waarmte ôf oan 'e lucht. De luchtlaach direkt om 'e hûd hinne waarmet dêrtroch op, sadat dy minder kâld oanfielt. Boppedat stiet de hûd nei dy opwaarming minder waarmte mear ôf oan 'e omjaande lucht, om't dy net sa kâld mear is as earder. As dy opwaarme luchtlaach lykwols fuortendaliks wer fuortblaasd wurdt troch de wyn, komt dêr wer kâldere lucht foar yn it plak. De hûd stiet dan wer mear waarmte ôf om dy lucht op te waarmjen, mar de wyn blaast ek dy lucht daliks wer fuort, sadat de hûd mar trochgiet mei it ôfstean fan waarmte, sûnder dat men dêr ienich profyt fan ûnderfynt. By in oanboazjende wynfaasje wurdt de opwaarme lucht hieltyd flugger en folsleiner fuortblaasd, mei as gefolch dat it hieltyd kâlder oanfielt.

Foar de berekkening fan 'e gefoelstemperatuer binne yn it ferline ferskate metoaden brûkt. De term 'gefoelstemperatuer' waard eins betocht troch meteorolooch Robert Steadman, dy't der yn 1984 in ynfloedryk ûndersyk oer publisearre. Dat wie basearre op syn poalekspedysje út 1971, wêrby't er in metoade foar de berekkening fan gefoelstemperatuer ûntwikkele, dy't basearre wie op 'e hoemannichte (ekstra) klean dy't in minske drage moat ta beskerming tsjin 'e kjeld. Om't dat net foar alle minsken gelyk is, kinne der út dy tiid ferskillende sifers yn 'e media bestean oangeande de hichte fan 'e gefoelstemperatuer.

It Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút (KNMI) makket sûnt 2009 foar de berekkening fan gefoelstemperatueren gebrûk fan in sekuerdere formule, dy't ek yn û.m. Kanada, de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Iislân hantearre wurdt. Dy waard yn 2000-2001 ûntwikkele troch de saneamde Joint Action Group on Weather Indices en hjit de JAG/TI-metoade. Neffens dy metoade wurdt de gefoelstemperatuer berekkene op basis fan in kombinaasje fan 'e reële temperatuer en de trochsneed wynfaasje. De gefoelstemperatuer neffens de JAG/TI-metoade jildt foar in sûne folwoeksene fan trochsneed lingte dy't him yn it skaad befynt en sels waarmte produsearret dy't gelyk is oan it kuierjen mei in faasje fan 4,8 km/h:

wynfaasje bûtentemperatuer yn °C
km/o m/s Beaufort 10 5 0 –5 –10 –15 –20 –25 –30
5 1,4 1 10 4 –2 –7 –13 –19 –24 –30 –36
10 2,8 2 9 3 –3 –9 –15 –21 –27 –33 –39
15 4,2 3 8 2 –4 –11 –17 –23 –29 –35 –41
20 5,6 4 7 1 –5 –12 –18 –24 –31 –37 –43
25 7,0 4 7 0 –6 –12 –19 –25 –32 –38 –45
30 8,3 5 7 0 –6 –13 –20 –26 –33 –39 –46
35 9,7 5 6 0 –7 –14 –20 –27 –33 –40 –47
40 11,1 6 6 –1 –7 –14 –21 –27 –34 –41 –47
45 12,5 6 6 –1 –8 –15 –21 –28 –35 –42 –48
50 13,9 7 5 –1 –8 –15 –22 –29 –35 –42 –49
55 15,3 7 5 –2 –8 –15 –22 –29 –36 –43 –50
60 16,7 7 5 –2 –9 –16 –23 –30 –36 –43 –50
65 18,1 8 5 –2 –9 –16 –23 –30 –37 –44 –51
70 19,5 8 5 –2 –9 –16 –23 –30 –37 –44 –51
75 20,8 9 5 –2 –10 –17 –24 –31 –38 –45 –52
80 22,2 9 4 –3 –10 –17 –24 –31 –38 –45 –52

De wiskundige formule foar de berekkening fan 'e gefoelstemperatuer neffens de JAG/TI-metoade is:

wêrby't G de gefoelstemperatuer is, T de reële temperatuer en W de wynfaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.