Springe nei ynhâld

Geaupolder

Ut Wikipedy
Geaupolder

De Geaupolder is in natoergebiet oan de súdwestside fan de Snitser Mar. De Geaupolder, dat in eilân foarmet, leit yn de gemeente Súdwest-Fryslân, beëasten it twillingdoarp Toppenhuzen/Twellingea. It is in simmerpolder, dy't winterdeis ûnder wetter stiet en yn de simmer wurdt bemeald troch de Geau's Mole, in út de earste helte fan de njoggentjinde iuw kommende spinnekopmole. Dêrmei is it ien fan de pear polders yn Nederlân dêr't de wetterstân allinnich mei wynkrêft regele wurdt. It gebiet is eigendom fan Steatsboskbehear, dat it behear fan dielen derfan spesjaal rjochtet op greidefûgels. Yn de polder komme de hoants en de wettersnip foar. De ouwers fan de polder, dy't te lijen hawwe fan de ôfslach troch de weagen op de Snitser Mar, binne fersterke mei basaltblokken. Dêrop binne by tiden wipsturtgrillen te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: