Springe nei ynhâld

Gasfabryk fan De Jouwer

Ut Wikipedy
Gasbedriuw by de brêge oan de Slûsdyk.

It gemeentlik gasfabryk fan De Jouwer stie fan 1903 oant 1983 oan de Slûsdyk op De Jouwer. Yn 1903 kocht de gemeente it partikulier gasbedriuw út 1866 oer, dêr't yn 1901 trije minsken wurken. Yn it nije fabryk wurken yn 1911 trije minsken en in feintsje.

De koalen waarden mei in transportbaan fan de frachtboaten út De Kolk nei it koalebewarplak neist de slûs brocht.[1]

Yn de Twadde Wrâldoarloch waard it gasfabryk op 22 oktober 1944 besketten troch Ingelske fleantugen.[2] De tsjettels wiene trochsingele mei kûgelgatten, it wetter spuite alle kanten út.[3] Nei fjirtjin dagen wie de skea ferholpen, mar de minsken krigen gjin gas, omdat de koalen op wienne. Doe't yn 1954 it ierdgas De Jouwer berikte waard it gasfabryk ôfbrutsen.[4]

De fersmoarge grûn by it fabryk waard yn 2014 tagelyk mei de grûn fan de eardere Gieljitterij Keverling sanearre.

Nijbou fan it gasfabryk yn 1925

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Piet Rigter van der Zee Joure in grootmoeders tijd Europese Bibliotheek ISBN 90 288 6142 4