Gallery Publishing Group

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gallery Publishing Group
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 2009
mem Simon & Schuster
dochters Gallery 13
Gallery Books
Pocket Books
Saga Press
Scout Press
offisjele webside
simonandschusterpublishing.com/gallery-books

De Gallery Publishing Group, ek wol bekend as Gallery Books, is in Amerikaanske útjouwerij dy't yn 2009 oprjochte waard troch Simon & Schuster, en yn 2012 ta in difyzje fan dat bedriuw makke waard. De difyzje bringt sawol fiksje as non-fiksje út en omfiemet de ymprints Gallery 13, Gallery Books, Pocket Books, Saga Press en Scout Press.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simon & Schuster rjochte de ymprint Gallery Books yn 2009 op as nij ûnderdiel om 'e redakteursteams fan 'e ôfdielings Pocket Books en Simon Spotlight Entertainment (SSE) by ûnder te bringen. Yn 't earstoan wie it de bedoeling dat Gallery him talizze soe op fiksje foar froulju, oer popkultuer en op fermaak.

Yn oktober 2012 waard in reorganisaasje fan Simon & Schuster oankundige, wêrby't de útjouwerij ferdield waard yn fjouwer difyzjes, wêrfan't de Gallery Publishing Group ien wie. Nei ôfrin fan 'e reorganisaasje omfette de difyzje de ymprints Gallery Books, Pocket Books, Pocket Star en Karen Hunter Publishing. De lêste beide waarden neitiid opheft, mar Pocket Books, dat yn 1939 al oprjochte waard en in wichtige rol spile by de yntroduksje fan 'e paperback op bûsformaat, is noch altyd aktyf.

Yn 2015 waard Scout Press oprjochte, in nije ymprint foar literêre fiksje, folge troch Gallery 13, dat grafyske romans útjout, yn july 2016. Yn maart 2019 waard fierders Saga Press, in yn 2015 oprjochte ymprint dêr't science fiction- en fantasyboeken ûnder útjûn wurde, ferpleatst fan 'e Children's Publishing Group fan Simon & Schuster nei de Gallery Publishing Group.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Gallery Publishing Group omfettet de folgjende ymprints:

Fûnskatalogus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûnskatalogus fan 'e Gallery Publishing Group befettet wurk fan in grut ferskaat oan auteurs, ûnder wa Kevin J. Anderson, America Ferrera, Charlaine Harris, Stephen King, Omarosa Manigault-Newman, Olivia Newton-John, Amy Schumer en Oliver Stone.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.