Springe nei ynhâld

Gal (opperhaad)

Ut Wikipedy
Gal (opperhaad)
Gal yn 1881. Fotograaf: David Francis Barry (1854–1934)
Gal yn 1881.
Fotograaf: David Francis Barry (1854–1934)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Phizí
oare namme Gall
berne ±1840
berteplak ? (Súd-Dakota)
stoarn 5 desimber 1894
stjerplak yn it Standing Rock Reservaat
(Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Hûnkpapa
jierren aktyf 18661894

Gal (Lakota: Phizí, útspr.: [pʰi'zi:] (eins "Galblaas"); Ingelske oersetting: Gall; ±18405 desimber 1894) wie in opperhaad fan 'e Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, en waard benammen bekend troch syn belutsenens by de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten.

Gal waard om 1840 hinne berne yn wat no de steat Súd-Dakota is, en kaam neffens it ferhaal oan syn namme troch de galblaas op te iten fan in bist dat troch in kampgenoat fan him sketten wie. Hy moat in bear fan in fint west hawwe, en weage krapoan 140 kg. As opslûpen jonge makke er al namme as kriger, en doe't er noch yn 'e tweintich wie, ûntjoech er him ûnder de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) ta ien fan 'e kriichsopperhaden fan syn folk. Yn 1873 wied er fierders belutsen by it Yndiaanske ferset tsjin 'e Yellowstone-ekspedysje, dy't yn Montana nei in gaadlik rûte socht foar de oanlis fan it spoar fan 'e Northern Pacific Railway by de rivier de Yellowstone lâns. Trije jier letter, ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, joech er mei û.o. Sittende Bolle en Mâl Hynder lieding oan it besykjen fan 'e Lakota om 'e Amerikanen út it hillige lân fan 'e Black Hills te ferdriuwen.

De Slach oan de Little Bighorn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gal wie ien fan 'e lieders fan 'e Yndianen yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, op 25 juny 1876, wêrby't de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en party Arapaho, it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Sûnt de earste helte fan 'e 1980-er jierren is der op it stee dêr't de fjildslach útfochten waard, wittenskiplik histoarysk ûndersyk ferrjochte, en op grûn fan 'e útkomsten dêrfan wurde no oan Gal ferskate besluten fan krúsjaal taktysk belang takend.

Gal.

By de earste oanfal fan 'e Amerikanen op it grutte Yndiaanske doarp, troch de trije kompanjyen fan majoar Marcus Reno, kamen Gal syn beide froulju om, krekt as ferskate fan syn bern. Sels soed er dêr letter oer sizze: "Myn hert wie tige min, dy deis." Yn 'e begjinfaze fan 'e slach sloegen de Lakota en de Sjajinnen Reno syn oanfal ôf en dreaune se him werom by de súdeastlike ein fan it doarp wei. Gal wie ien fan 'e mar in pear Yndianen dy't fermoede dat it hjir om in twafâldige oanfal gie om harren fan twa kanten ôf yn 'e skjirre te nimmen, en hy wie fan miening dat it ûntdekken fan 'e oare helte fan Custer syn legermacht foar de Yndianen in saak fan libben of dea wie.

Sadwaande ried er sels op 'e sneup nei Custer nei it noardeasten, dêr't er Custer syn haadferkenner, Mitch Bouyer, yn it each krige doe't dy nei it begnuven fan it doarp weromkearde nei de haadmacht fan 'e 7de Kavalery. Gal folge him temûk en ûntdiek sa de lokaasje fan 'e fiif kompanjyen dy't oanfierd waarden troch Custer sels. Hy riddenearre dat de generaal nei alle gedachten oan 'e noardlike ein fan it doarp oanfalle woe troch mei macht de rivier de Little Bighorn oer te stekken, en dêr krige er gelyk oan. Dat hy ried werom nei it doarp en joech him by de Lakota en Sjajinnen dy't doe krekt werom oan it kearen wiene nei't se Reno-en-dy op 'e flecht jage hiene. Tegearre mei Mâl Hynder late er de krigers nei de noarderein fan it doarp ta, dêr't se Custer syn legermacht oer it mad kamen en de kompanjyen E en F rjocht nei it noarden troch in ûndjip ravyn jagen dat tsjintwurdich Calhoun Couley hjit. By it hjoeddeiske Finley Ridge twongen se Custer syn oare trije kompanjyen om in definsyf gefjocht oan te gean.

Gal hie it befel oer de krigers dy't de Amerikanen yn it noardeasten tsjinholden, wylst Mâl Hynder mei syn krigers in besingeljende aksje ûndernaam. Troch it ôfsnijen fan kompanjy L en in diel fan kompanjy C fan 'e rest fan 'e Amerikanen, koene se handich ôfweve mei dat relatyf lytse groepke soldaten, wylst de rest fan Custer syn manskippen twongen wie om harren fierder yn noardlike rjochting de heuvel op tebek te lûken, nei it punt dat bekend komme soe te stean as Custer's Last Stand. Dêr kamen se, folslein besingele, fêst te sitten, en mei't der op 'e keale heuveltop frijwol gjin beskutting wie, koene de Yndianen harren ien foar ien delsjitte. De lêste 28 oerlibbenen besochten noch yn 'e rjochting fan 'e rivier út te brekken, mar dat wie in wanhoopsbesykjen, en se kamen fêst te sitten yn in dearinnend ravyn dêr't se har ein fûnen.

Gal yn 'e 1880-er jierren.

De oerwinning holp de Yndianen lykwols net, want yn 'e neisleep fan harren fernederjend ferlies setten de Amerikanen alles op alles om 'e Yndianen derûnder te krijen. Tsjin ein 1876 wie de ferfolging sa fûleindich wurden dat Gal mei syn Hûnkpapa-troep oer de Kanadeeske grins gloep. Dêr hiene se der de folgjende jierren klauwen oan om te oerlibjen. Sittende Bolle flechte yn 1877 ek nei Kanada, mar úteinlik krigen Gal en hy spul, en yn 1880 brocht Gal syn troep werom oer de grins nei de Feriene Steaten, dêr't er him oerjoech oan 'e Amerikaanske autoriteiten.

Op 26 maaie 1881 waarden hy en syn folgelingen op in steamboat laden om streamôf nei it Standing Rock Yndianereservaat fan Súd-Dakota ta brocht te wurden. Yn 'e hjerst fan datselde jier die út 'e earste folsleine folkstelling yn dat reservaat bliken dat Gal syn troep út 52 gesinnen bestie, mei in totaal fan 230 minsken.

Yn it reservaat waard Gal lânbouwer, en hy fitere syn folk oan om 'e libbenswize fan 'e blanken oer te nimmen. Sels liet er him bekeare ta it kristendom, en hy tsjinne as rjochter oan it Hof fan Yndiaanske Saken fan it reservaat. Hy rekke befreone mei de Yndiaanske agint fan Standing Rock, James McLaughlin. Yn maaie 1883 waard ek Sittende Bolle, dy't him yn 1881 úteinlik oerjûn hie, tastien om him yn it Standing Rock Reservaat te fêstigjen. Doe't de âldman him oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren ynliet mei de geastedûnsbeweging, in nije synkretistyske godstsjinst dy't it kristendom mei de lânseigen natoerreligyen fan 'e Yndianen fermong, krigen Gal en hy rûzje, dy't nea wer bylein waard foar de dea fan Sittende Bolle yn 1890. Gal sels libbe noch yn it Standing Rock Reservaat oant 5 desimber 1894, doe't er op 'e âldens fan likernôch 54 jier ferstoar. Hy waard begroeven op it episkopaalske tsjerkhôf fan Wakpala.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.