Springe nei ynhâld

Fryske kultuerprizen

Ut Wikipedy

Fryske kultuerprizen binne troch Provinsjale Steaten fan Fryslân as Oardering kultuerprizen en de wittenskipspriis fêststeld. It beslút kaam yn it plak fan de Regeling foar de prizen de Fryske literatuer en de wittenskip fan Fryslân oanbelangjend 1984. Alle prizen wurde om de trije jier takend, de Gysbert Japicxpriis om de twa jier. Gjin inkelde priis kin twa kear efterinoar oan deselde persoan, groep of organisaasje takend wurde. De Fedde Schurerpriis en de Fedde Schurer-publykspriis kinne wol oan deselde auteur takend wurde.

Oersjoch fan Prizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oare Fryke prizen
Fedde Schurerpriis

De Fedde Schurerpriis is yn 1983 foar debuten yn de Fryske literatuer foar alle sjenres ynsteld. Sûnt wurdt de priis om ‘e trije jier takend, wêrby ’t it net útmakket oft it om proaza of poëzij giet. De priis bestiet út in bedrach fan € 2.000.

Fedde Schurer-publykspriis

grut € 2.000,- en in oarkonde, foar debuten yn alle sjenres yn it Frysk, sawol foar it earste wurk fan in auteur as foar it earste wurk fan in al publisearjend auteur yn in foar him/har nij sjenre;

Gysbert Japicxpriis.

Dizze belangrykste literêre priis foar alles sjenres is foar it earst yn 1947 takend. Oant 1953 waard de priis alle jierren takend, tusken 1953 en 1983 om ‘e twa jier, -om bar foar proaza en poëzij- en sûnt 1983 om ‘e trije jier wêrby ’t it ûnderskied tusken proaza en poëzij ferfoel. Sûnt 1999 wurdt de priis wer om de twa jier takend. De iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij en yn beide gefallen kin it ek om in oeuvrepriis gean. Sûnt syn ûntstean wurdt de priis yn ‘e bertestêd fan Gysbert Japicx, Boalsert, útrikt. It prizebedrach is op € 5.000 bepaald.

Joast Halbertsmapriis

De dr. Joast Halbertsmapriis is yn 1947 ynsteld. Tusken 1947 en 1983 waard de priis om ‘e twa jier takend, de iene kear foar wittenskipswurk, de oare kear foar wurk fan amateurs (sneupers). Fan 1983 ôf bart de takenning om ‘e trije jier en inkeld foar wittenskipswurk. It giet om de wittenskip fan Fryslân op it mêd fan skiednis, taal- en literatuerwittenskip en de sosjale wittenskippen, sawol foar ien wurk as foar it hiele oeuvre fan in auteur. De priis wurdt altyd yn Grou, it berteplak fan Joast Halbertsma, útrikt. It prizebedrach is € 4.000.

Obe Postmapriis

Dizze priis is yn 1983 ynsteld en is de oersetpriis foar wurk yn en út it Frysk yn alle sjenres. foar oersettings yn alle sjenres, út in frjemde taal yn it Frysk en oarsom; Meast giet it om literêr wurk, mar saaklike teksten kinne ek bekroand wurde. It prizebedrach is sûnt 1991 € 2.000.

Bernlefpriis

Ynsteld mei yngong fan 2005, grut € 2.000,- en in oarkonde, foar de Frysktalige, fokale muzyk yn alle sjenres, foar ien wurk sa goed as foar it hiele oeuvre fan in sjonger en foar it wurk fan komponist, arranzjeur, tekstdichter, dirigint, muzikolooch, muzyksamler, -besoarger, en –útjouwer;

Pyt van der Zee-priis

Sûnt 2004 útrikt, grut € 2.000,- en in oarkonde, foar it amateurtoaniel yn Fryslân; bûtengewoane prestaasje dy ’t yn ferhâlding ta oare prestaasjes yn it amateurtoaniel opfallend posityf is; de priis kin takend wurde oan persoanen, groepen en organisaasjes op it mêd fan amateurtoaniel, lykas rezjy, karmasterij, klaaiïng, dekôr, útfiering, spiler(s), selskip(pen), organisaasje(s), publikaasje(s).

Der is in seisjierlikse syklus fan priistakennings- en –útrikking:

  • 2002: Bernlefpriis, Fedde Schurerpriis, dr. Obe Postmapriis
  • 2003: Gysbert Japicxpriis, dr. Joast Halbertsmapriis
  • 2004: Pyt van der Zeepriis
  • 2005: Bernlefpriis, Fedde Schurerpriis, Fedde Schurer-publykspriis, Gysbert Japicxpriis, Obe Postmapriis
  • 2006: dr. Joast Halbertsmapriis
  • 2007: Gysbert Japicxpriis, Pyt van der Zeepriis
  • 2008: Bernlefpriis, Fedde Schurerpriis, Fedde Schurer-publykspriis, dr. Obe Postmapriis
  • 2009: Gysbert Japicxpriis, dr. Joast Halbertsmapriis
  • 2010: Pyt van der Zeepriis

ensfh.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oersjoch Fryske prizen