Vredeman de Vries-priis
Appearance
(Trochferwiisd fan Vredeman de Vriespriis)
De Vredeman de Vries-priis is in priis dy't ferneamd is nei Hans Vredeman de Vries, in wichtige 16e-iuwske arsjitekt, ôfkomstich út Fryslân. De priis wurdt alle jierren weijûn, mar yn de foarm fan twa twajierlikse prizen. It iene jier is der in priis foar arsjitektuer en it jier dêrop in priis foar foarmjouwing.
De priis is yn 2000 ynsteld troch de Provinsje Fryslân en wurdt stipe troch ARK (sintrum foar Arsjitektuer en Romtlike Kwaliteit), Keunstwurk en Hûs en Hiem.
De winner wurdt troch in sjuery oanwiisd. De priiswinner krijt in bedrach fan 5.000 euro en in oarkunde. Dêrneist is der ek de Leeuwarder Courant-Publykspriis.
Priis foar Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Winners | Untwerp |
---|---|---|
2020 | Achterbosch Arsjitekten J.O.N.G. Arsjitekten |
Enerzjy Kennissintrum Ljouwert Wenning yn Aldemardum |
2018 | Onix NL, Grins | museum en houtwurkplak Houtstêd Drylts |
2016 | J.O.N.G. Arsjitekten DP6 arsjitektuerstudio |
fakânsjewent yn It Heidenskip Poppoadium & ROC Neushoorn yn Ljouwert |
2014 | Borren Staalenhoef Arsjitekten | Filla Juliana yn Ljouwert |
2012 | Onix | Michaelskoalle yn Ljouwert |
2010 | TWA arsjitekten | Wen-Soarchkombinaasje Offingaburch, Hallum |
2008 | GDA Arsjitekten bv bna, Burdaard | Kantoar fan Wonen Noordwest Friesland, Sint Anne |
2006 | Buro Onix | Villa Maarsingh yn Ljouwert |
2004 | Arsjitekteburo Jelle de Jong | Ferbou fan in wenpleats yn Nijemardum |
2002 | Bureau Verheijen Verkoren Knappers De Haan | Parkeargaraazje Hoeksterein yn Ljouwert |
2000 | Bonnema Borren Staalenhoef arsjitekten | Twa rekreaasjewenten op Flylân |
Priis foar Foarmjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Winners | Untwerp |
---|---|---|
2021 | Babke Dekker (Hofmeijer Dekker Ontwerpers), Johan van Gent (Stichting Erfgoed & Publiek) en Jos Blomsma (Vormburo Terwisscha & Wagenaar) | Kennis- en ynformaasjesintrum Hegebeintum - Ynrjochting |
2019 | Elmo Vermijs | Gegrond, ynventarisaasje fan de Skylger Polder. Mei de greidefûgel as graadmjitter |
2017 | Studio INAMATT | Sweet Nothing, in Nederlânske ynterpretaasje fan de Japanske teeseremoanje |
2015 | Claudy Jongstra | Denkkamer, in romte yn it eardere NatLab fan Philips |
2013 | NRJ Achitectuur | Meubels Rabobank Atelier Fries Museum |
2011 | Gjalt Pilat | tafelsearje Pake Sytse |
2009 | Iepenbier Ministearje Arrondissemintsparket te Ljouwert | Jierferslach 2006/Jierplan 2007 |
2007 | Ykje Hibma, Durk Kramer, Maaike de Vreeze, Bastiaan Blaauw | Mobyl tsienerplak Binnenboard |
2005 | Claudy Jongstra | Cherry Blossum |
2003 | Keninklike Tichelaar Makkum | Nothing New |
2001 | Hanshan Roebers | De boot van toen |