Springe nei ynhâld

Fryske dúmkes

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fryske dumkes)
Fryske dúmkes

Fryske dúmkes binne in typysk Frysk bakprodukt: swiete koekjes út 'e oven.


Ming de bûter mei de sûker. Doch it aai derby en dêrnei it sâlt, de hazzenuten en de krûden. Ming de blom dertroch oant der rôltsjes fan in finger lingte fan draaid wurde kinne. Lis dizze op in ynfette bakblik. Druk mei de tomme de úteinen efkes plat en bak se yn in net te warme oven (150 - 175 graden C) yn 20 oant 25 minuten gear en brún.

In fariant op de Fryske dúmkes binne de Amelanner dúmkes. Dêryn binne de hazzenuten ferfongen troch mangels.

 
Fryske bakkersprodukten

brune koeke · drabbelkoek · dúmkes · keallepoat · krûdkoeke · oranjekoek · soetelief · steur · sûkerbôle · sûkerlatte · Switsersk taartsje · wite koeke