Springe nei ynhâld

Mangel (nút)

Ut Wikipedy
Mangels
Prunus dulcis

De mangel is it sied fan de mangelbeam (Prunus dulcis). Mangels wurde yn augustus fan de beam helle. De bûtenkant fan de 'pit' fan dizze stienfrucht wurdt kreake; it flues wurdt der ôf helle troch de amandel koart te blancheren. De mangel is selsbestowend, mar kwekers yn Californië sette op grutte skeal bijen yn foar de bestowing.

Mear as 80 % fan de mangels komt út California. Spanje hat ek in grutte produksje fan swiete mangels; benammen de Jordan- en Valencia-mangels komme dêrfandinne. Mangels wurde ferwurke yn fiedingsmiddels en kosmetika.

Mangels befetsje sa'n 90% net-fersêde fetsoeren en in soad fitamine E.[1] Bittere mangels befetsje dêrneist syanogene glykosiden (benammen amygdaline), wêrút it fergiftige blausoer (wetterstofsyanide) frijmakke wurde kin. Hoe bitterder at se smeitsje, nammerste fergiftiger se binne.

Der binne twa soarten mangels: swiete en bittere. Bittere mangels binne koarter en breder as swiete mangels en befetsje sirka 2-3% fan it fergiftige blausoerglykoside amygdaline. Swiete mangels befetsje hast gjin amygdaline.[2] Swiete mangels kinne dêrom sa iten wurde osf as dekoraasje brûkt wurde. Se wurde brûkt om mangelspiis, noga of marsepyn te meitsjen. Der kin mangeloalje of mangelmolke fan makke wurde. Dy is licht fertarber en kin as ferfanging fan komolke brûkt wurde.

Ut it amygdaline yn bittere mangels kin ± 4–9 mg wetterstofsyanide per mangel frijmakke wurde.[3][4] Ferskynsels dy't optrede kinne nei it iten van bittere mangels binne opwining, pine yn 'e holle, dwiligens, spiergearlûkings, sykhelsteurnissen en in hoopstoopse dea.[5] De maksimum hoemannichte feilich te iten bittere mangels hinget gôf fan it lichemsgewicht; foar folwoeksenen leit dit meastal tusken de 10 en 15, foar bern jildt in leger oantal.

Bittere mangels waarden benammen brûkt om bittere mangeloalje fan te meitsjen.

Der binne twa soarten mangeloalje: swiete mangeloalje en bittere mangeloalje.

Swiete mangeloalje is in fetlike plantaardige oalje dy't benammen út triglyseriden bestiet. Yn net suvere tastân hat it in eigen núteftige rook en smaak. Dizze oalje wurdt in soad brûkt yn kosmetika as krêm en poppe-oalje.

Bittere mangeloalje is in etearyske oalje dy't hast hielendal út benzaldehyde bestiet. Omt yn de oalje ek altiten wat amygdaline sit (wêrút yn it lichem blausoer frijmakke wurde kin) wurdt dizze oalje net folle brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Voedingswaarde amandelen
  2. (dú) Ernst Steinegger & Rudolf Hänsel - Pharmakognosie. Fünfte korigierte und durchgesehene Auflage. Springer Verlag, 1992
  3. (pl) Karkocha I. Próba oznaczania metoda półilościowa zawartości cyjanowodoru w migdałach gorzkich i słodkich. (Semiquantitative method of hydrogen cyanide determination in bitter and sweet almonds) (1973) Rocz Panstw Zakl Hig 24:703-705. PMID 4775628.
  4. (in) Shragg TA, Albertson TE, Fisher CJ. Cyanide poisoning after bitter almond ingestion. (1982) West J Med 136:65-69. PMID 7072244 fergees artikel.
  5. VWA over gevaren bittere amandelen