Frysk Bûn fan Feekeaplju
Appearance
Frysk Bûn fan Feekeaplju Friese Bond van Veehandelaren | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | FBV | |
nasjonaliteit | Nederlân | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | hannel yn fee | |
fêstige yn | Ljouwert (Fryslân) | |
oprjochte | 1913 | |
offisjele webside | ||
gjint |
It Frysk Bûn fan Feekeaplju (Nederlânsk en offisjeel: Friese Bond van Veehandelaren), gauris ôfkoarte ta FBV, is in Fryske feriening fan feekeaplju. Dizze organisaasje waard yn 1913 oprjochte, en foarmet de Fryske ôfdieling fan it Nederlânsk Bûn foar Hannelers yn Fee (NBHV).
Sûnt de Tongblierkrisis fan 2001 hat it Frysk Bûn fan Feekeaplju sels de organisaasje fan 'e feemerk fan Ljouwert yn 'e hannen, in sitewaasje dy't unyk is yn Nederlân. Dêrta is in achtkoppich bestjoer ynsteld ûnder de namme Stifting Feehannelsintrum Noard-Nederlân (SVNN).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|