Frisian News Items

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Frisian News Items wie in tydskrift dat ienris yn 'e moanne útkaam, fan The Frisian Information Bureau, oprjochte yn 1943 troch Lolle Piers de Boer en Berend Joukes Fridsma (haadredakteur sûnt 1944) yn Grand Rapids, Michigan. Yn it blêd waarden de wichtige ûntjouwingen yn Fryslân op maatskiplik, polityk en kultureel mêd byhâlden: benammen de Fryske kultuer naam in wichtich plak yn, mei ûnderwerpen as taal, literatuer, sport en folkloare. Ek lânbou, yndustry en godstsjinst kamen oan bod. It Information Bureau fersoarge ek boekesirkulaasje en in lêsbibleteek. Frisian News Items wie sûnt inkele jierren nei syn oprjochting frijwol in ienmansblêd fan Fridsma. Yn 1984 foel it doek foar it tydskrift.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: