Frico
De Frico , Friesche Coöperatieve Zuivel Export Vereniging wie in eksportferiening fan molkprodukten yn Ljouwert en in lânboukoöperaasje, oprjochte yn 1879.
De ferkeapferiening foar 52 koöperative molkfabriken yn Fryslân hie in totale molkoanfier fan 581 miljoen kilo yn 1956. De omset fan de Frico wie doe 34 miljoen kilo tsiis, 9 miljoen kilo bûter, 3 miljoen kilo molkpoeier (± 14% fan de Nederlânske hannel yn dy produkten). It wie doe de grutste suvelferkeapferiening yn Nederlân mei pakhuzen yn Ljouwert en Wolvegea. Yn Wergea makket de Frico sintraal molkprodukten. Yn 1956 wurken der 800 minsken by de Frico.
De Frico foarmet mei seis oare koöperative ferienings it Bûn fan Koöperstive Suvelferkeapferienings yn Nederlân mei it haadkantoar yn De Haach.
Yn 1958 waard yn Ljouwert in nij gebou yn gebrûk nomd mei 4 tsiissouders, opslachplakken foar helpstikken, kantine en fergaderseal. Yn 1965 waard besletten ta nijbou fan de Frico yn Wergea (sintrale molkynrjochting en sintrale bûtermakkerij). Yn 1965 waard ek begûn mei de ferkeap fan tsiis ûnder eigen merk. It oantal personielsleden wie yn 1974 sa'n 1000. Yn 1983 fúzjearre de Frico mei de Drintsk-Grinslânske koöperaasje DOMO ta Frico/Domo. Tsjintwurdinch makket de âlde Frico nei ferskate fierdere fúzjes diel út fan Friesland Foods.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|