Springe nei ynhâld

Frans Erens

Ut Wikipedy
Frans Erens (foto: Willem Witsen)

Maria Joseph Franciscus Peter Hubertus (Frans) Erens (Schaesberg, 23 july 1857 - Houthem-Sint Gerlach, 5 desimber 1935) wie in Nederlânsk kritikus en proazaskriuwer. Hy heart by de Tachtigers.

Erens krige ûnderrjocht oan Rolduc yn Kerkrade en studearre letter rjocht yn Leien, Bonn, Parys en Amsterdam. 1888 promovearre er yn Amsterdam. Hy waard abbekaat yn 1889. 1897 waard hy griffier by it kantongerjocht yn Veghel en letter yn Oostburg. Fan 1901 ôf leit er him folslein ta op de skriuwerij. Hy wenne op ferkate plakken yn Nederlân en it bûtenlân, eardat er 1927 him foar fêst yn Houthem deljoech.

Fan 1883 ôf skeau er kritiken en beskôgings, fral oer de moderne Frânske literatuer. Yn 1886 waard hy meiwurker fan De Nieuwe Gids. Tusken 1896 en 1897 en fan 1909 oant syn ferstjerren wie er ek meiwurker fan De Nieuwe Gids.

Healwei de jierren 1880 hâlde er yn Parys ta, dêr't er kunde krige oan in soad moderne Frânske skriuwers, ûnder oaren Maurice Barrès en Joris-Karl Huysmans. De moaiste siden yn Vervlogen Jaren binne oan dy tiid wijd.

Fan Charles Baudelaire learde Erens it proazagedicht. Hy yntrodusearre it yn 1886 yn Nederlân yn De Nieuwe Gids. Syn eigen proazagedichten waarden 1893 yn de bondel Dansen en rhytmen útbrocht. Erens syn meast wichtige opstel oer Baudelaire (it earste yn de Nederlânske taalkrite) waard, mei beskôgings, yn De Nieuwe Gids en de Amsterdammer, yn 1906 bondele yn Literaire Wandelingen.

Nei 1895 skreau er meast oer plakken dêr't er west hie. Om 1910 hinne sette er ek útein mei skriuwen oer Limburch, dêr't er berne wie. Erens hat ek wurk fan Augustinus, Thomas à Kempis en Jan fan Ruusbroec oerset.

1985 waard de Frans Erenspriis ynsteld dy't alle trije jierren útrikt wurde soe. De priis waard - oant 2001 - om bar foar proaza, memoires en poëzij útrikt.

  • 1893 - Dansen en rhytmen
  • 1906 - Litteraire wandelingen
  • 1912 - Gangen en wegen
  • 1922 - Toppen en hoogten
  • 1922 - Vertelling en mijmering
  • 1924 - Litteraire overwegingen
  • 1928 - Litteraire meeningen
  • 1931 - Stille steden
  • 1938 - Vervlogen jaren (postúm útbrocht)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]