Springe nei ynhâld

Frans Coenen

Ut Wikipedy
Frans Coenen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Frans Coenen jr.
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 april 1866
berteplak Amsterdam (Noard-Hollân)
stoarn 23 juny 1936
stjerplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre literêre romans, essay's
streaming naturalisme
bekendste
  wurk(en)
Bleeke Levens
Zondagsrust
jierren aktyf 18921936
offisjele webside
n.f.t.

Frans Coenen jr. (Amsterdam, 24 april 1866 - dêre, 23 juny 1936) wie in Nederlânsk naturalistysk skriuwer, essayist en literatuerkritikus.

Hy wie de soan fan de komponist Frans Coenen sr. (ien fan de oprjochters fan it Amsterdamsks Konservatorium) en Anna Maria van El. As bern hie er slim astma. Yn 1886 sette er út ein mei in rjochtestúdzje yn Amsterdam; yn 1892 promovearre er dêr op it proefskrift De Fransche wet tot bescherming van verwaarloosde en mishandelde kinderen. Ut syn deiboeken docht bliken dat Coenen bot oan himsels twifele en oerhinge nei swiersettigens.

Fan 1894 oant 1910 wie er resinsint foar toaniel, muzyk en skilderkeunst by de Opregte Haarlemsche Courant. Ek waard er meidogger by it tydskrift De Kroniek fan Pieter Lodewijk Tak. Njonken dat waard er yn 1895 konservator fan it Museum Willet-Holthuysen oan de Herengracht yn Amsterdam.

Hy boaske op 11 oktober 1899 oan Louise Sophia Vischer. Sy krigen gjin bern, om't de depressive Coenen dat net woe. Sadwaande waard it gjin lokkich houlik. Ek de naturalistyske romans en novellen dy't er yn de jierren 1892 - 1905 publisearre, tsjûgje fan in sombere geast fol gefoelens fan ferveling en langstme nei de dea. Titels as Verveling, Een zwakke, Bleeke levens en In duisternis sizze gâns wat oar syn gemoed. Syn bêste en bekendste wurk út dy perioade is Zondagsrust, oer it hopeleaze en nearzige libben fan in húshâlding yn in folksbuert.

Nei 1905 skreau Coenen hast gjin fiksjoneel proaza mear. Hy wie ûnder ynfloed fan de ideeën fan Hegel rekke, dy't troch Gerard Bolland yn Nederlân ferspraat waarden. Troch dy filosofen beseach er it libben wat oars as by it determinisme fan de naturalisten, krige er wat mear betrouwen yn de wrâld en ek mear de sosjale belutsenens dy't earder al út syn proefskrift bliken dien hie. Hy waard lid fan de SDAP, mar die dêr net folle mei, dêrfoar wie er tefolle yndividualist. Yn de jierren tritich waard er, mei Jan van Nijlen, Jan Greshoff en Simon Vestdijk, redakteur fan it literêr tydskrift Groot Nederland.

Koart foar syn dea yn 1936, skreau er noch Onpersoonlijke herinneringen, de koarte kronyk fan it hûs Willet-Holthuysen dêr't er de konservator fan wie. Dat wurk wurdt wolris ferlike mei de famyljeskiednis de Buddenbrooks fan Thomas Mann en jildt as Coenen syn bêste wurk.

Wurk (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Verveling (1892)
  • Studies (1894)
  • Een zwakke (1896)
  • Bleeke levens (1899)
  • Zondagsrust (1902)
  • In duisternis (1903)
  • Vluchtige verschijningen (1903)
  • Burgermenschen (1905)
  • Schetsen (1908)
  • Charles Dickens en de romantiek (1911)
  • Studiën van de Tachtiger beweging (1924)
  • Reizen, een uitweiding en inwijding (1929)
  • Onpersoonlijke herinneringen (1936)
  • K.F. Proost: Frans Coenen, Arnhem, 1958.
  • Jan Fontijn, Gideon Lodders (red.): Frans Coenen, Amsterdam, 1981.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]