Frankfurt an der Oder
Frankfurt an der Oder | ||
Riedhûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Brandenburch | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 58.818 (31.12.2023) | |
Oerflak | 147,85 km² | |
Befolkingsticht. | 398 ynw./km² | |
Hichte | 28 m | |
Oar | ||
Postkoade | 15230, 15232, 15234, 15236 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 20'N 14° 33'E | |
Offisjele webside | ||
www.frankfurt-oder.de | ||
Kaart | ||
Frankfurt an der Oder is in kreisfreie Stadt yn 'e Dútske dielsteat Brandenburch. De stêd hat 57.015 ynwenners (2023) op in oerflak fan 147,61 km².
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan 'e namme is net wis. Yn 'e tiid fan 'e stifting fan 'e stêd waarden Dútske keaplju oer it generaal 'Franken' neamd. Dat kin de ferklearring fan it earste diel fan 'e namme fan it as hannelsplak ûnsteane Frankfurt wêze. In Furt (Frysk: furde) is in ûndjip diel yn in rivier, dêr't nei de oare kant oerstutsen wurde kin.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei 1200 ûntstie oan in smel diel fan 'e Oder in hannelsplak, dat yn 1225 fan Hindrik fan Sileezje it merk- en steapelrjocht krige. Yn 1253 krige de stêd ûnder de namme Vrankenforde it stedsrjocht. Op syn lêst wie Frankfurt sûnt 1440 lid fan 'e Hânze.
Eartiids waarden der trije jiermerken yn Frankfurt organisearre. Dêrút ûntstie letter de Frankfurter Messe. Yn 1505 waard yn Frankfurt de universiteit Viadrina stifte, de earste hegeskoalle fan Brandenburch. Dêr studearren en dosearren û.o. de skriuwer Ulrich von Hutten, de teolooch Thomas Müntzer, de letterkundige Martin Opitz, de komponist Carl Philipp Emanuel Bach, de skriuwer Heinrich von Kleist, de ûntdekkingsreizger Alexander von Humboldt en de filosoof Wilhelm von Humboldt. De universiteit ferhûze yn 1811 nei Breslau. Frankfurt wie ek in sintrum fan Hebriuwske boekdrukkeunst. Yn 1687-1699 waard dêr de earste talmoed yn Dútslân publisearre.
Om't Frankfurt hast gjin yndustry en militêre betsjutting hie, hie Frankfurt yn 'e Twadde Wrâldkriich net in soad te lijen fan 'e alliearde loftoanfallen. It begjin fan 'e Weichsel-Oder-operaasje fan 'e Sovjettroepen feroarsake in grutte weach fan Dútske flechtlingen. Tusken de 264.000 en 300.000 flechtlingen gyngen troch Frankfurt. Op 26 jannewaris 1945 waard fan 'e stêd in fêsting makke. Op 19 april waard moarns om 5:29 oere de brêge oer de Oder opblaasd troch de Wehrmacht, de oare deis foelen Russyske fleantugen de stêd oan en al op 21 april waard it ferset opjûn en moasten de Dútkse troepen harren werom lûke. Bombardeminten op 22 en 23 april feroarsaken noch in soad brannen yn it sintrum en fuort dêrnei kamen de earste Sovjet-troepen yn Frankfurt. Troch de eardere bombardeminten en brânstiftingen yn 'e dagen dêrnei waard it grutste part fan 'e binnenstêd ferneatige. Hjoed-de-dei bestiet de stêd noch mar foar 40% út gebouwen fan foar de Twadde Wrâldkriich.
Grinsstêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Twadde Wrâldkriich waard mei it fêststellen fan 'e nije Dútske grinzen Frankurt in grinsstêd. It eastlik fan 'e Oder lizzende diel fan 'e stêd waard tenei ûnderdiel fan it hjoeddeiske Poalen en it eardere Frankfurter stedsdiel Dammvorstadt krige sûnt de namme Słubice. Frankfurt en Słubice wurde troch de Stadtbrücke mei inoar ferbûn en ûnderhâlde tegearre in stêdebân. It is in grinsoergong dy't in soad brûkt wurdt om 'e boadskippen te dwaan dy't oan 'e oare kant fan 'e grins goedkeaper binne. Yn Poalen binne bygelyks sigaretten, benzine, drank en de kapper goedkeaper as yn Dútslân.
De grinsoergongen fan 'e E30 en it spoar wurde in soad brûkt foar it trochgeande ferkear tusken Berlyn en Poznań en Warsjau.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Frankfurt is sûnt de jierren 1990 dramatysk efterút gien. Wie it ynwennertal yn 1990 noch 86.171, tsjintwurdich wenje der 58.818 minsken. De lêste jierren is der sprake fan in beskieden groei.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat noch in oantal histoaryske gebouwen, mar oer it algemien hat de stêd it oansjen fan in sted sa't dy der yn 'e kommunistyske tiid útseagen: brede strjitten en hege flats.
Belangrike histoaryske gebouwen:
- Parochytsjerke St. Marien (15e-iuwske, letgoatyske tsjerke).
- Gertraudenkirche (neogoatyske tsjerke mei in heechalter út 1489).
- Friedenskirche (Earder Nikolaastsjerke, âldste tsjerke fan Frankfurt).
- Russyske tsjerke (boud yn 1916 troch Russyske kriichsfinzenen).
- Konserthal Carl Philipp Emanuel Bach (Fransiskaner kleastertsjerke).
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Heinrich von Kleist (1777-1811), skriuwer
- Robert von Puttkamer (1828-1900), politikus
- Georg Hermann Quincke (1834-1924), natuerkundige
- Anton von Werner (1843-1915), keunstskilder
- Rudolf Brandt (1909-1948), nazy-ambtner en assistint fan Heinrich Himmler
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Frankfurt (Oder)
|