Springe nei ynhâld

Frank Thring (regisseur)

Ut Wikipedy
Frank Thring
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Lee Nover, Arthur Potts
echte namme William Wright
nasjonaliteit Britsk
berne 6 juny 1950
berteplak ûnbekend (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
wurksum as regisseur, pornoakteur
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
gjint
Dizze side giet oer de Britske pornografyske regisseur en akteur Frank Thring. Foar de Australyske akteur, sjoch: Frank Thring (akteur).

Frank Thring, echte namme: William Wright (yn Ingelân, 6 juny 1950), is in Britsk pornografysk regisseur en akteur fan Ingelsk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e skûlnammen Lee Nover en Arthur Potts. Hy sette yn 1989 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry en regisseare in grut tal films.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thring waard yn 1950 earne yn Ingelân berne. Yn 1989, doe't er 39 jier wie, begûn er oan in wurkpaad as regisseur fan pornografyske films, en fan 1990 ôf wied er yn it ferlingde dêrfan ek aktyf as pornoakteur. Syn rezjy wie lykwols altyd wichtiger as syn aktearjen. Foar dizze karriêre naam er de skûlnamme Frank Thring oan, nei de Australyske mainstream-akteur mei deselde namme. Teffens hat er wol wurke ûnder de namme Lee Nover, in wurdspiling op lean over (Ingelsk foar "bûch dy foaroer").

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Thring begjin 2017 yn 134 pornofilms aktearre, wylst er 245 films regisearre hie. Dêrby wied er yn beide ynstânsjes wurksum foar sokke foaroansteande Amerikaanske studio's as Hustler Video, Sin City, Elegant Angel, Metro, VCA Pictures en Caballero Home Video. Yn Jeropa wie Thring boppedat in protte yn 't spier foar it Sweedske Private-label.

Under syn karriêre wurke Thring as akteur gear mei aktrises as Erika Bella, Niki Belucci, Dru Berrymore, Laura Black, Danyel Cheeks, Kathy Kash, Sidonie Lamour, Alexandra Nice, Silvia Saint, Amanda Steel en Vanda Vitus. Guon fan 'e bekendste films dy't er regisearre, wiene Cannes Fantasies, Château de Passion en Virgin Treasures diel 1 en 2, allegear produksjes fan Private út 1994, wêrfan't de lêste beide yn it Karibysk Gebiet opnommen waarden op 'e Amerikaanske Famme-eilannen. Dêrnjonken wie Thring ek ferantwurdlik foar de rezjy fan withoefolle dielen fan 'e filmsearjes Private Triple X, Pirate Video en Pirate Deluxe foar Private, en Mr. Beaver Checks In foar Hustler Video.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: