Springe nei ynhâld

Frank Spijkers

Ut Wikipedy
Frank Spijkers
akteur
De Histotolk as de Romein Caius Marius Rufus.
De Histotolk as de Romein Caius Marius Rufus.
persoanlike bysûnderheden
berne 1964
berteplak Amsterdam
jierren aktyf 2001 - no
De Histotolk as de 17e-iuwer Luitenant Frans.
De Dichter

Frank Spijkers (Amsterdam, 1964) is in akteur en skriuwer. Spijkers woeks op oan de Amstel yn Amsterdam. Op skoalle hie er al niget oan skiednis. Yn 1985 ferfear er nei It Bilt. Nei it TWU folge er twa jier in jûnsstúdzje Skiednis twaddegraads, mar makke dat net ôf. Sûnt 2000 wennet er yn Boyl en hy besiket dêrom it Stellingwerfsk te learen. Frank Spijkers is de broer fan Mark Spijkers.

Sûnt 2001 spilet er histoaryske foarstellings op benammen basisskoallen. Hy neamt him dan 'Histotolk'. Earst spile er allinnich in Romein, letter binne der ek oare skiednisfigueren bykaam. Dêrneist skriuwt en dichtet er. Bytiden jout er publike foardrachten, allinnich of yn de mande mei oare keunstners. Ek spilet er mei syn broer Mark Spijkers as De Performer Meets Graaf van Medwert.

Spijkers makket yllustraasjes foar boekjes en dekors. Doe't Stellingwerf yn 2009 sânhûndert jier bestie ferskynde syn tekenteltsje "Terug naar Stellingwerf/Weeromme naor Stellingwarf" yn de regionale kranten De Stellingwerf en de Nieuwe Ooststellingwerver.

De measte wurken binne yn oaljeferve op houtpaniel. Weromkommende tema's binne lânskippen, skiednis en in inkeld portret.

  • Dichter(b)ij, in aparte bondel yn de foarm fan in Romeinske boekrôle.
  • Taal en Teken, gearstald foar www.dichtjournaal.nl.
  • Zwart-Wit, toanielstik foar groep 7/8 fan de basisskoalle mei as tema Diskriminaasje
  • De avonturen van Marius, ferhaal foar basisskoallen
  • Terug naar Stellingwerf/Weeromme naor Stellingwarf, in tekenteltsje oer Stellingwarf 700 jier

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: