Mark Spijkers

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Mark spijkers mei Arabyske opiumfluit
optreden fan Mark spijkers
Greve fan Meddert
Dongeradichter

Mark Spijkers, alias Greve fan Meddert (Amsterdam, 13 maaie 1968), is in dichter, skriuwer, gitarist, skilder en performer út Hantumerútbuorren. Hy is in broer fan Frank Spijkers.

Folge Montessori-ûnderwiis yn Amsterdam en ferhuze yn 1985 nei It Bilt om yn Ljouwert de SSG te folgjen. Folge dêrnei yn Grins de stúdzje Oerheidskommunikaasje oan de HEAO/Hanzehegeskoalle. Sette him dêrnei ta wenjen yn Meddert (in net-offisjeel besteand buorskip by Holwert). Nei in baan as wurkgelegenheidsdeskundige yn Ljouwert fûn er wurk yn de Mediateek fan it Drachtster Lyceum. Sûnt 1999 begûn er tiid te meitsjen foar skilderjen. Op syn santjinde wie er al begûn te (klassyk) gitaarspyljen. De earste kear dat er fersen en muzyk kombinearre wie yn 1999 mei in klassyk gitaarkonsert yn de Kleasterkapel fan Sibrandahûs. It skriuwen waard ek geandewei wichtiger. Syn ferhalen, gedichten, stripferhalen geane faak oar langstme, moetings en barrens.

Tusken 2008-2010 gie er mei syn programma 10 jaar Graaf van Medwert, mei in jubileumvoorstelling teaterkes, tsjerken en kulturele sintra by del. De bekende stikken waarden dêrby ôfwiksele mei nije, lykas Guitarra non grata. De stikken binne in griemmank fan mankelike teksten, koartswyl en selsspot.

Waard yn 2009 yn Dokkum foar twa jier beneamd as Dongeradichter (De steds- en streekdichter fan Dongeradiel). Joech yn eigen behear sân dichtbondels út dêr’t er mei optreedt yn lytse sealen. Sûnt 'De Greve fan Meddert' organisearret hy de earste snein yn de moanne in poëzijmiddei yn ythûs 'De Waegh' yn Dokkum ûnder de namme DODZ (Dongera's Open Dicht Zondag). Der is dan ek in hilaryske kollum, in gearlûking fan histoaryske/hilaryske dy't dan opfierd wurdt yn De Waegh).

Alle woansdeitejûns presintearret er tusken 22.00 en 23.00 oere it programma de SmachtWacht op RTV Noordoost Friesland, in radioprogramma fol poëzij en muzyk.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dichtbondels
  • De Profondeur (2010).
  • Barbariaan, digibondel, samle fersen DongeraDichter.(2010)
  • De Heroïsche tocht, (2009)
  • Godinnen zijn vrouwen, vrouwen godinnen; 4 gedichten (2009)
  • Mag ik een vraag zijn?(2006)
  • De afknoedeling (poëtysk mearke) (2004)
  • De gedichten uit de voorstelling (2004)
  • Gebonden zwerver (2002)
  • Bericht van mij (2000)
  • Intieme kamers (1998)
Teatertoer
  • 10 jaar Graaf van Medwert, 2008-2010
  • Intieme verzameling, 2005-2007
  • Bericht van mij, 2003-2004
  • De Graaf van Medwert en het mysterie van de fles, 2002-2006
CD's
  • Mark Spijkers Gitaar
  • Nevelen over de Hantumeruithof
  • Guitara non grata
  • Mosquito
  • Slaep soete slaep
  • Gedichten 17m

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: