Francis Gibson (skriuwer)
Francis Gibson (skriuwer) | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Francis Gibson | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 16 jannewaris 1753 (doopt) | |
berteplak | Whitby (Ingelân) | |
stoarn | 24 july 1805 | |
stjerplak | Whitby (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | toaniel, poëzij, non-fiksje | |
bekendste wurk(en) |
Streanshall Abbey Poetical Remains | |
jierren aktyf | ±1787 – 1805 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Francis Gibson (Whitby (Ingelân), doopt 16 jannewaris 1753 – dêre, 24 july 1805) wie in Ingelsk skriuwer, dichter en altemets keunstskilder.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gibson waard yn 1753 berne yn Whitby, yn it Ingelske greefskip Yorkshire, as de soan fan Joseph en Mary Gibson. Hy waard seeman en reizge nei Noard-Amearika. Letter sylde er as kaptein op syn heite skip ek nei it Eastseegebiet. Yn 1787 waard Gibson op foarspraak fan Henry Phipps, 1e greve fan Mulgrave oansteld as kommys fan de dûane te Whitby, in amt dat er oan syn dea yn 1805 ta behold. Hy troude twaris en hie ek bern.
Francis Gibson is bekend bleaun troch syn skriuwwurk, wêrfan't benammen syn sammele fersen Poetical Remains neamd wurde moatte, dy't postúm yn 1807 publisearre waarden. Fierders skreau er Streanshall Abbey, or The Danish Invasion, in toanielstik yn fiif bedriuwen dat er opdroech oan Martha Sophia Maling, grevinne fan Mulgrave, de oarehelte fan syn patroan. Dit stik waard yn 1799 foar it earst opfierd. Teffens wie fan Gibson syn hân it non-fiksjewurk Sailing Directions for the Baltic ("Sylynstruksjes foar de Eastsee"), út 1791, dat nei't it skynt de Britske float noch goed fan pas kaam yn 'e Slach by Kopenhagen, yn 1801. Ta einbeslút sette Gibson yn 1802 ek it wurk Memoirs of the Bastile oer út it Frânsk, dat in ferslach is fan 'e Bestoarming fan de Bastille, yn 1789.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |