Fontys Hegeskoalle foar Sjoernalistyk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fontys Hegeskoalle foar Sjoernalistyk
Fontys Hogeschool voor Journalistiek
FHJournalistiek.jpg
Ofkoarting FHJ
Plak Tilburch (Noard-Brabân)
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Oprjochte 1980
Type hegeskoalle (HBO)
Tal studinten 776 foltiids, 205 dieltiids
Netwurken EJTA
Webside www.fontys.nl/journalistiek/

De Fontys Hegeskoalle foar Sjoernalistyk (Nederlânsk: Fontys Hogeschool voor Journalistiek), gauris ôfkoarte ta FHJ, is in Nederlânske hegeskoalle foar sjoernalistyk yn Tilburch. De ynstelling waard yn 1980 oprjochte ûnder de namme Akademy foar de Sjoernalistyk (Academie voor de Journalistiek). Letter hiet de skoalle ek noch in skoft Akademy foar Sjoernalistyk en Foarljochting (Academie voor Journalistiek en Voorlichting, AJV).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fontys Hegeskoalle foar Sjoernalistyk waard yn 1980 oprjochte. Oarspronklik wie it in oplieding mei in roomske grûnslach, ek al bestie der fan it begjin ôf oan ûnder de dosinten diskusje oer de fraach oft der wol soks as 'roomske sjoernalistyk' bestie. Meitiid ferlear de ynstelling syn roomsk-kristlike synjatuer.

De Fontys Hegeskoalle foar de Sjoernalistyk makket binnen Nederlân diel út fan 'e Fontys Hegeskoallen. Ynternasjonaal heart de ynstelling ta de European Journalism Training Association (EJTA).

Opliedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fontys Hegeskoalle foar Sjoernalistyk biedt fan âlds sawol opliedings oan op it mêd fan 'e skriuwende parse as op it gebiet fan radio- en tillefyzjesjoernlistyk. Tsjintwurdich is der ek in oplieding dy't rjochte is op ynternetsjoernlistyk. Alle opliedings binne op HBO-nivo.

Ald-studinten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkele bekende sjoernalisten en oaren dy't harren oplieding folge hawwe oan 'e Fontys Hegeskoalle foar Sjoernalistyk, binne: Lidwien Gevers, Dione de Graaff, Karin de Groot, Arjen van der Horst, Twan Huys, Astrid Kersseboom, Anouchka van Miltenburg, Frank du Mosch, Art Rooijakkers, Ingrid Spijkers, Peter Tetteroo en Bram Vermeulen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: