Springe nei ynhâld

Fûnsstins

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fonsera State)

De Fûnsstins of Fondens wie in stins in eintsje noard fan Jorwert by de buorskip Fûns yn de gemeente Littenseradiel. Fan de stins is neat werom te finen.

It laach Fons of Fûns krige syn namme fan de buorskip Fûns. Fan it laach is net folle bekend. Mooglik hat Liwa à Fondens eigener west dy't troud wie mei Catharina fan Aylva en sneuvele yn 1500 by Frjentsjer. Dat pear wenne lykwols op Fockemastate dat ek ûnder Jorwert stie. Yn 1533 wie Hotze Fûns, of sa't doe skreaun waard Hotthio à Fondens, pastoar yn Jorwert. Hy erfde Fockemastate, mar oft hy ek eigener fan Fûns west hat, wurdt der net by skreaun.

Mei de dea fan Wytze Fûns yn 1797 is it laach útstoarn. De stins/state stie der doe al hiel lang net mear. Sels op de kaart fan Schotanus út 1664 binne mar in pear húskes yntekene. Gjin tekentsje fan "vernietigde edele state" of "eigenerfde state", net iens it lytse sirkeltsje dat op syn kaarten in hofstee oanjout.

  • ± 1450 Doecke Fons
  • 1500 grif Lieuwe Fûns
  • 1533 grif Hotze Fûns

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Baerderadiel, in geakunde fan it Geakundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy
  • Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt troch Chr. Schotanus (1664)
  • Tegenwoordige staat van Friesland, ± 1780