Springe nei ynhâld

Fockemastate

Ut Wikipedy

De Fockemastate wie in state yn Jorwert yn de gemeente Littenseradiel. It is net bekend wêr't de state krekt stien hat.

Dizze state komt net foar op de kaarten fan Christianus Schotanus út 1664, net op dy fan François Halma út 1718 en likemin op de fan Wopke Eekhoff út 1844. Dochs wurdt skreaun dat yn 1500 Liwa à Fondens, dy't troud wie mei Catharina fan Aylva, eigener wie. Hy sneuvele yn 1500 yn de striid om Frjentsjer. Dit span wenne op Fockemastate.

Yn 1533 wie Hotze Fûns, of sa't doe skreaun waard Hotthio à Fondens, pastoar yn Jorwert. Hy erfde Fockemastate yn dat jier, mar wat der barde mei de state nei syn dea op 26 novimber 1556 is ûnbekend.

  • 1500 Liwa à Fondens (Lieuwe Fûns)
  • 1533 Hotthio à Fondens (Lieuwe Fûns)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: