Wytse Fons

Ut Wikipedy
Wytse Fons
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17??
berteplak Frjentsjer (?) (Fryslân)
stoarn 1797
stjerplak Frjentsjer (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt bolleman
jierren aktyf 2e helte 18e iuw
reden
  bekendheid
markant persoan, beskreaun
   troch Waling Dykstra yn dy syn
   Uit Friesland's Volksleven

Jonker Wytse Fons (Frjentsjer?, ? – dêre, 1797) wie in ferearmoede Frysk ealman en bollehâlder yn Frjentsjer, dêr't er yn it lêste hûs foar de Noarderpoarte wenne. Hy wie in singeliere man, dy't der opfettings op nei hold fan in ôfwikend soarte as wat yn syn tiid wenstich wie, en nei syn dea moatte der yn Frjentsjer en omkriten noch lang ferhalen oer him gien wêze. Waling Dykstra tekene dêr in iuw letter noch ferskate fan op foar syn Uit Friesland's Volksleven.

Anekdoates oer Fons (optekene troch Waling Dykstra)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fons wie de lêste telch út syn laach en alhiel ta reapsein brocht. Hy ûnderhold himsels, krekt as syn heit foar him, mei it stedsamt fan bolleman, al wiene dêr gjin grutte ynkomsten oan ferbûn. Yn syn jonkheid hie men him wolris oanfitere om tsjinst yn it Steatske leger te nimmen, mar dêrop andere er stiiffêst dat er net by syn heit wei koe en dat de bolle him genôch opbrocht. Doe't syn heit yn it stjerren lei, woed er lykwols hawwe dat de âldman him oerein joech, sizzende: "War dy heite! Fen ús folk is nimmen op bêd stoarn."[1]

Ien fan syn favorite siswizen wie: "Der is gjin swietter swiet as regear en bihear, mar nin swiet dat sa gau oan 't gêstjen giet."[2] Dat helle er ek oan doe't men him as ealman nei de Fryske lângeanne ta hawwe woe, en boppedat seid er dat er dêr net paste, want de grutste wied er net en de lytste woed er net wêze. Wol wied er goed thús yn 'e skiednis fan Fryslân en lei de Fryske taal him nei oan it hert. Hy lies wol de bibel, mar nea teologyske of oare godstsjinstige boeken, want dy hiene neffens him de wrâld bedoarn.[3]

Al hoe deunoan oft er ek wie, hy wegere fan lykfolwa jild of geskinken oan te nimmen, sels yn 't lêstoan, doe't er op syn stjerbêd lei, en de Frjentsjerter notabelen him alderlei iten en drinken "ter verkwikking" tastjoerden. De iennichste útsûndering dêrop wie de hazze, dy't er ienris yn it jier yn 'e jachttiid oannaam fan grytman Sikke van Goslinga, te Doanjum. Hy kaam by dyselde ek ienris jiers op besite en neamde dan elkenien, oant de freules oan ta, sljochtwei by de foarnamme. Op sa'n besyk trof er dêr ek ienris steedhâlder Willem IV; "en, wel ziende dat hij met een zonderling te doen had, vroeg de prins hem wie hij was. En het antwoord luidde: 'Wytse Fons, friesch edelman en bulleman te Franeker.'"[4]

Doe't de steedhâlder syn mem, Marijke-muoi, ris by ien fan 'e perfesters fan 'e Frjentsjerter Universiteit op besite wie, stjoerde hja immen nei Fons ta mei it boadskip dat hja him ek wolris moetsje woe en oft er net ek dêr komme woe dêr't sy doe tahold. Der koe sels wol in rydtúch stjoerd wurde om him te heljen en wer thús te bringen. Mar Fons stegere it fersyk ôf mei de wurden: "As se my wat te sizzen hat, komt se hjir mar." Dat dyselde jûns, by har ôfreis út 'e stêd, hold de koets fan 'e prinsesse stil by Fons foar de doar. De man kaam út 'e hûs en joech him nei it doarke fan 'e koets en praatte dêr in hoart mei har op in sljochtwei manear, sa't syn wenst wie. De prinsesse sei him mei gragens wat tahawwe te wollen om syn libben wat nofliker te meitsjen, mar Fons betanke har en sei dat er alles hie dêr't er ferlet fan hie.[5]

By syn dea, yn 1797, die bliken dat er tritich gûne neilitten hie foar syn begraffenis, dy't er al sûnt jierren foar dat doel reeholden hie. Dàt, en de ferhalen oer him, wie likernôch syn hiele neilittenskip. Mei him stoar it slachte Fons út.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Dykstra, Waling, Uit Friesland's Volksleven, s. 99.
  2. Dykstra, Waling, Uit Friesland's Volksleven, s. 99.
  3. Dykstra, Waling, Uit Friesland's Volksleven, s. 100.
  4. Dykstra, Waling, Uit Friesland's Volksleven, s. 100.
  5. Dykstra, Waling, Uit Friesland's Volksleven, s. 100.

Boarnen

  • Dykstra, Waling, Uit Friesland's Volksleven van Vroeger en Later: Volksoverleveringen, Volksgebruiken, Volksvertellingen, Volksbegrippen, Ljouwert, 1895 (Uitgeverij M.A. van Seijen).