Florida Keys
De Florida Keys binne in arsjipel foar de súdkust fan 'e Amerikaanske steat Floarida, oan 'e noardkant fan 'e Strjitte fan Floarida. Se foarmje dêre de skieding tusken de Atlantyske Oseaan en de Golf fan Meksiko. De eilannegroep omfiemet guon bekende baaiplakken, lykas Key West en Key Largo. De namme fan 'e Florida Keys is maklik te ferklearjen; key is yn dit gefal in ferbastering fan cay (fan it oarspronklike Spaanske cayo), dat "eilantsje" of "sânbank" betsjut. De namme fan 'e arsjipel betsjut dus ein letterlik: "Eilantsjes fan Floarida".
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Florida Keys binne in arsjipel yn 'e foarm fan in keatling fan eilannen, dy't him foar de súdkust fan 'e Amerikaanske steat Floarida útstrekt oer in ôfstân fan sa'n 570 km. De eilannegroep begjint op in punt 24 km besuden de stêd Miami, oan 'e súdeastkust fan Floarida, fuort súdlik fan Key Biscayne, dat sels net ta de Florida Keys heart, mar it earste fan 'e Atlantyske barriêre-eilannen oan 'e eastkust fan Floarida is.
It noardlikste eilantsje fan 'e Florida Keys is Soldier Key; it noardlikste grutte eilân is it bekende baaiplak Key Largo. Dêrwei giet de eilannekeatling earst yn súdlike rjochting, folget dan in flauwe bocht foar de súdkust fan Floarida lâns en giet dan fierder yn súdwestlike rjochting. It westlikste fan 'e bewenne eilannen is Key West, dat ek in bekend baaiplak is. Dêrwei giet de keatling noch fierder yn westsúdwestlike rjochting nei de ûnbewenne Marquesas Keys om úteinlik te einigjen op 'e krektlyk ûnbewenne Dry Tortugas, dêr't it Nasjonaal Monumint Fort Jefferson leit.
De arsjipel fan 'e Florida Keys bestiet út mear as 67 eilannen, dy foarme binne út koraal. De eilannen wurde troch de Floaridabaai skaat fan 'e súdkust fan Floarida. Oan 'e súdkant fan 'e eilannen leit de Strjitte fan Floarida, mei súdlik dêr wer fan Kuba. Op it smelste punt, de súdkust fan Key West, is it mar 140 km fan 'e Florida Keys nei Kuba. De eilannen hawwe mei-inoar in oerflak fan 356 km², wêrfan't 95% yn Monroe County leit, dat ek it sompelân fan 'e Everglades omfiemet, op it fêstelân fan it Floarida-skiereilân. It haadplak fan Monroe County is Key West. De tsien noardlikste eilantsjes, fan Old Rhodes Key oant Soldier Key, hearre bestjoerlik ta Miami-Dade County, dat út Miami wei bestjoerd wurdt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Florida Keys waarden oarspronklik bewenne troch Kalûsa- en Tekwesta-Yndianen. Yn 1513 waarden se ûntdutsen en yn kaart brocht troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Ponce de León, dy't se Los Martires ("De Martelders") neamde, om't er fûn dat se der fan in ôfstantsje sieltôgjend útseagen. De Yndianen rekken desimearre troch besmetlike sykten dy't de Spanjerts by har droegen, en de lêsten fan harren stieken mei de Spaanske kolonisten oer nei Kuba doe't Spanje Floarida yn 1763 oerdroech oan 'e Britten. Neitiid setten har Britske kolonisten op 'e eilannen nei wenjen, en nei't de Feriene Steaten Floarida yn 1821 oankocht hiene, kamen der ek Amerikanen.
Yn dy snuorje wie Key West lange tiid it grutste plak fan hiel Floarida, mei't men dêr ryk waard fan alle skippen dy't op 'e eilannen wraksloegen. Key West naam fierders in strategyske posysje yn foar hannel mei Kuba en de Bahama's, en lei oan 'e wichtichste farrûte fan New Orleans nei de Amerikaanske eastkust. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw soargen ferbettere foarmen fan navigaasje derfoar dat der minder skippen by de eilannen fergiene, mei as gefoch dat it mei Key West yn it neigean rekke.
Lang wiene de Florida Keys inkeld berikber mei skippen. Dat feroare doe't Henry Flagler yn 'e jierren 1900 syn Oerseesk Spoar oanlei, in ambysjeus projekt dat de Florida East Coast Railway fan 'e eastkust fan Floarida oer de lânbrêge fan 'e Florida Keys trochloek nei Key West. Op 2 septimber 1932 waard Floarida troffen troch ien fan 'e swierste orkanen út syn skiednis, de saneamde Labor Day-orkaan, dy't by Islamorada yn 'e noardlike Keys oan lân kaam en yn it doe noch tinbefolke súdlik Floarida mear as 400 en mooglik wol 600 deaden easke. Dêrûnder wiene 200 legerfeteranen dy't dwaande wiene mei de oanlis fan in autodyk troch de Florida Keys.
It Oerseeske Spoar waard troch de Labor Day-orkaan folslein ferrinnewearre en nea wer reparearre. Dat hoegde ek net, want it spoar waard yn 1938 ferfongen troch de Oerseeske Autowei (Overseas Highway) fan Miami nei Key West. It bekendste ûnderdiel fan dy wei is de 10,9 km lange Sânmylsbrêge, dy't de stêd Marathon, yn 'e Middel-Keys, ferbynt mei it eilân Little Duck Key, yn 'e Neder-Keys.
Nei de Kubaanske Revolúsje fan 1959 setten har op 'e Florida Keys in protte Kubaanske ballingen nei wenjen. Om't de eilannen it diel fan 'e Feriene Steaten binne dat it tichtst by Kuba leit, foarmen se foar in protte Kubaanske boatflechtelingen oant yn 'e jierren njoggentich de poarte nei de Feriene Steaten. As gefolch dêrfan sette de Amerikaanske Dûane yn 1982 op it fêstelân, by Florida City, de Oerseeske Autowei ôf om it ferkear te kontrolearjen op smokkelwaar en yllegale ymmigranten. Dat wie foar de ynwenners fan Key West hiel ferfelend, net inkeld om't se dêrtroch sels yn 'e file kamen te stean as se nei it fêstelân woene, mar ek om't it toerisme derfan te lijen hie.
Nei ferskate kearen om 'e nocht klage te hawwen en doe't men in koart pleit foar de rjochter yn Miami ferlern hie, rôpen boargemaster Dennis Wardlow en de gemeenteried fan Key West op 23 april 1982 de ûnôfhinklikheid fan Key West út ûnder de namme fan 'e Conch Republyk (conch, sprek út "kònk", in oantsjutting foar in beskaat soarte seeskelp, is in bynamme foar de ynwenners fan Key West). Nei ien minút joech Wardlow, de premier fan it nije lân, him oer oan in marine-ofsier fan it Key West Naval Air Station, en tsjinne er in oanfraach yn foar $1 miljard oan 'bûtenlânske ûntwikkelingshelp' fan 'e Feriene Steaten. Mei dy stunt wist Key West grutte publisiteit foar syn saak te krijen, mei as gefolch dat de dykôfsetting ûnder swiere druk fan 'e publike opiny opheft waard.
Begjin septimber 2017 waarden de Florida Keys troffen troch de swiere orkaan Irma. Dy kaam op snein 10 septimber oan lân op it eilân Cudjoe Key, dêr't de ferwuostging suver folslein wie. Ek oare parten fan 'e Keys rûnen swiere skea op, en de stabiliteit fan 'e Oerseeske Autodyk waard op guon plakken neitiid ûnfoldwaande achte om ferkear troch te litten.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hiene de Florida Keys doe in befolking fan 73.090 minsken. De befolkingstichtens wie 205,5 minsken de km² oer de hiele eilannengroep, hoewol't de ynwenners yn 'e praktyk fierhinne konsintrearre binne yn in pear grutte befolkingssintra, lykas de stêd Key West, dy't in folle hegere befolkingstichtens hawwe. Yn Key West wennet 32% fan 'e hiele befolking fan 'e Florida Keys. Neffens in skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan 'e gegevens út 2010, soene de eilannen yn 2014 in befolking fan 77.136 minsken hawwe moatte.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Florida Keys hawwe in tropysk savanneklimaat, mei mar twa 'jiertiden': hjit, near en wiet fan juny oant oktober, en drûger en wat koeler fan novimber oant maaie. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,9 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 23,5 °C. De eilannen krije jiers trochinoar 1.011,7 mm delslach, en 3.404,2 oeren sinneskyn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|