Flagge fan Kollumerlân en Nijkrúslân
De flagge fan Kollumerlân en Nijkrúslân (Kollumerlânsk: Vlagge van Köllumerland en Nijkruusland) is de flagge fan de eardere gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân, yn it noardeasten fan de provinsje Fryslân. De flagge waard op 19 april 1960 registrearre. Sûnt 2019 is de flagge net langer as gemeenteflagge yn gebrûk, omdat de gemeente opgien is yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.
It ûntwerp wie fan de Stifting foar Banitstyk en Heraldyk.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Sân banen fan read, diel, grien, wyt, grien, giel en read, dêr't de hichten fan har ferhâlde as 1:1:1:3:1:1:1, mei op de wite baan in seispuntige stjer.
De kleuren komme út it wapen fan Kollumerlân en Nijkrúslân.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Griene banen: ferwize nei de klaaigrûn yn it easten fan de gemeente.
- Giele banen: ferwize nei de sângrûn yn it westen fan de gemeente.
- Wite baan: ferwiist nei it Nijkrúslân, dat ûntstien is nei de ôfsluting fan de Lauwerssee.
- Reade stjer en banen: ferwize nei it haadplak Kollum.
Yn 1971 binne de doarpen Sânbulten en Sweagerfean part wurden fan Kollumersweach.
Doarpsflaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerpperioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkard of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.
(*) Yn 1971 binne de doarpen Sânbulten en Sweagerfean part wurden fan Kollumersweach.