Flagge fan Holwert
Appearance

De flagge fan Holwert is de flagge fan it doarp Holwert, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Twa banen fan blau en giel, dêr't de hichtes fan har ferhâlde as 1:2, oer alles hinne op in tredde fan de broek in merkuriusstêf, yn it blau fan wyt en yn it giel fan read.
De kleuren komme út it wapen fan Holwert.