Springe nei ynhâld

Flagge fan Hantum

Ut Wikipedy
Flagge fan Hantum

De flagge fan Hantum is de flagge fan it doarp Hantum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.

De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.

De beskriuwing fan de flagge is:

Broekskean ferdield fan de broekside ôf read-wyt, mei yn it read in giele ikel fan heale flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Hantum.