Finsintiustsjerke (Reduzum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Finsintiustsjerke
Reduzum, Vincentiustsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Coat of arms of Leeuwarden.svg Ljouwert
plak Reduzum wapen.svg Reduzum
adres Haedstrjitte 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Toer 1878, tsjerke 13e iuw, ferbouwing 1726
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22921
oare ynformaasje
webside Herf. PKN-gemeente Reduzum-Idaerd-Friens

De Finsintiustsjerke (Nederlânsk: Vincentiustsjerke) oan de Haedstritte yn Reduzum is de eardere herfoarme tsjerke fan Reduzum en tsjintwurdich ien fan de trije tsjerken fan de PKN-gemeente Reduzum-Idaerd-Friens.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Portaal

De oarspronklik oan Finsintius fan Saragossa wijde tsjerke waard oan it begjin fan de 14e iuw boud. Yn de noardlike muorre, dy't noch fan kleastermoppen boud is, is noch in diel fan in lyts romanogoatysk finster en in tichtmitsele portaal te sjen. It is lykwols net de muorre fan de oarspronklike 14e iuwske tsjerke. De noardlike binnenwand fan de tsjerke is de oarspronklike muorre. Yn 1726 ûndergyng de tsjerke in grutte ferbouwing. Yn dy tiid is de súdlike muorre fernijd. Ek waard doe in súdlik dwersskip út de 15e iuw ôfbrutsen.

Yn 1878 waard ek de âlde sealtektoer ôfbrutsen en ferfongen troch in nije toer mei in spits as bekroaning. Yn de toer hingje twa liedklokken, wêrfan't ien fan 1628 datearret.

Finsintiusraam (2014)

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it útbrekken fan de iken trekbalken waard yn 1859 it tonferwulft ynbrocht. Allinnich de westlike trekbalke bleau op syn plak. De ienfâldige preekstoel is fan 1669, it doopstek út itselde jier is yn 1950 ferwidere. Yn it koer lizze een tal âlde sarken fan it geslacht Bootsma.

Banken en stúkwurk fan it ynterieur stamt út de twadde helte fan de 19e iuw.

It kleurrige Finsintiusraam is in tafoeging út 2014. Monique Verbruggen út Kûbaard hat it raam makke yn opdracht fan de tsjerkeried.[1] It stelt de raven foar dy't de hillige beskerme, nei't de moardner fan Finsintius syn lichem nei it iepen fjild bringe liet om it dêr te fuorjen oan rôffûgels en wylde bisten.[2]

Oargel

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 1543 hie de tsjerke in oargel, dat yn 1669 ferfongen of restaurearre waard. It tsjintwurdige ynstrumint stamt út 1785. It waard boud troch Albertus Johannes van Gruisen en moast yn 1859-1860 yn ferbân mei it ynbringen fan in nij tonferwulft feroare wurde. De oargelfirma Van Dam út Ljouwert feroare doe ek de disposysje fan it ynstrumint.

It Reduzumer oargel is it âldste oargel fan de bouwer dat bewarre bleau.[3]

Nei't it monumintale oargel yn de rin fan de tiid net mear te bespyljen wie, folge yn 1995-1996 in grutte restauraasje troch Bakker & Timmenga.[4]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: