Springe nei ynhâld

Finsintius fan Saragossa

Ut Wikipedy
Finsintius fan Saragossa (Skoalle fan Francisco Ribalta; 17e-iuwsk

Finsintius fan Saragossa of Finsintius fan Falinsia (Latynsk: Vincentius; berne yn Oska, Romeinske provinsje Tarraconensis; † ± 304 yn Falinsia) wie in Spaanske martelder foar it kristlik leauwe.

Finsintius stjert oan syn ferwûnings (Guillaume Perrier)

Finsintius wie neffens de oerlevering in diaken fan de âlde biskop Valerius fan Saragossa. Datianus, steedhâlder fan de provinsje Tarraconensis, liet beide manlju yn de tiid fan de kristenferfolgings ûnder keizer Diocletianus finzen sette. Beide geastliken waarden yn Valencia martele.

Nei't se Finsintius slim teheistere hiene, op in gleonhyt roaster lein hiene, him hast fjouwerdield en syn hûd mei heakken en krammen stikken skuord hiene, smieten se him tsjuster gat, wêrfan't de flier mei glêsskerven besaaid wie. Ingels stiene Finsintius op syn stjerbêd by en makken fan de skerven in blommentapijt doe't de tamtearre Finsintius ferstoar. Ut lilkens wegere de steedshâlder him in fatsoenlike begraffenis te jaan en joech opdracht om it lichem bûten de stêd oan de wylde bisten oer te litten. Ingels en twa raven hoeden lykwols oer it lyk, sadat de wylde bisten it lichem net tenei komme koene. Dêrnei waard it oerskat yn 'e hûd fan in okse naaid, ferswierre mei in mûnestien en dêrnei yn de see smiten. De weagen spielden it lichem lykwols wer oan en in fromme widdo fûn it lichem en joech it in begraffenis.

Al yn de 4e iuw diene biskop Paulinus fan Nola en de teolooch Augustinus fan Hippo tynge fan de ferearing. Finsintius waard al gau ien fan de meast fereare hilligen op it Ibearyske skiereilân. Yn 531 joech de biskop fan Saragossa de tunica fan de hillige oan de kening fan Frankryk, sa't ek dêr in grutte ferearing ûntstie. Tsjintwurdich wurdt dat relyk yn Chalon-sur-Saône bewarre.

Finsintius jildt as de patroanhillige fan Portugal. In part fan de oerbliuwsels fan Finsintius binne yn de 8e iuw oan de Algarve jûn en fan dêrwei yn 1173 mei in skip nei de katedraal fan Lissabon oerbrocht. Neffens de oerlevering wiene der op de reis wer twa raven, dy't de oerbliuwsels fan de hillige beskermen. Sawol it skip as de twa raven komme yn it wapen fan Portugal's haadstêd foar.

Byld van de hillige yn de Igreja de São Vicente, Bragança (Portugal)

Dêrnjonken is Finsintius de beskermhiliige fan houthakkers, seelju, dakdekkers en pottenbakkers. De feestdei fan de hillige wurdt troch Boergonyske wynbouwers mei grut fertoan betocht. It Saint-Vincent Tournante is ien fan Frankryk's grutste wynfeesten en lûkt alle jierren tûzenen toeristen. Finsintius is ek de patroanhillige fan wynbouwers yn Súd-Dútslân en Eastenryk.

It Karibyske eilân Sint-Finsint waard nei Finsintius ferneamd, om't Kristoffel Kolumbus it eilân op de feestdei fan de hillige ûntdutsen hat.

Finsintius wurdt oproppen by krupsjes en foar saken dy't stellen binne.

Finsintius wurdt yn 'e regel yn in reade dalmatyk mei in martlerpalm, in tros druven, in mûnestien, in boek, in roaster of somtiden ek in raaf ôfbylde. By de hillige wurdt ek fakentiden it krús tafoege, dêr't Finsintius op lein waard doe't se him mei heakken en krammen ûntfellen.

De raaf fan it Finsintiusraam yn de Reduzumer tsjerke ferwiisd nei de fûgels, dy't in rol spilen by it beskermjen fan Finsintius' reliken.

  • Roomsk katolyk, protestansk: 22 jannewaris
  • Otterdoksk: 11 novimber

Fryske Finsintiustsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Vinzenz von Valencia