Springe nei ynhâld

Filoktêtês

Ut Wikipedy
Filoktêtês
algemiene gegevens
oarspr. titel Φιλοκτήτης
auteur Sofoklês
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±430-409 f.Kr.
1e opfiering 409 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Filoktêtês
(yn: Sofoklês: Trije Trageedzjes)
publikaasje 1991, Easterein
útjouwer Utjouwerij Van der Eems
oersetter Klaas Bruinsma
prizen oers. dr. Obe Postmapriis 1993
ISBN oers. 9 08 00 57 738

Filoktêtês (klam op it trêde wurdlid), yn it oarspronklike Aldgryksk Φιλοκτήτης, Philoktētēs, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). (Sawol Aeschylus as Euripides skreaune ek in toanielstik mei deselde namme, mar Sofoklês sines is it iennichste dat bewarre bleaun is.) Filoktêtês is in trageedzje dy't foar in part basearre is op 'e Grykske mytology, mar dy't fral swier linet op Homêros syn Ilias; it spilet ûnder de Trojaanske Oarloch, nei it grutste part fan 'e foarfallen dy't yn 'e Ilias beskreaun steane, mar foar't Troaje ynnommen wurdt troch de mûklist mei it houtene hynder, dêr't yn 'e Odyssee nei ferwiisd wurdt. It stik beskriuwt it besykjen fan Odusseus en Neoptólemos om 'e ynfalide en ûnwillige Filoktêtês mei te krijen nei Troaje. Sofoklês skreau Filoktêtês ûnder de Peloponnezyske Oarloch en it waard foar it earst opfierd by in toanielwedstryd ûnder it Feest fan Dionysus, yn 409 f.Kr., wêrby't it de earste priis wûn. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1991.

Wat foarôf gie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underweis nei Troaje hiene Odusseus en de oare Griken Filoktêtês, de soan fan kening Poias fan Malis, efterlitten op it eilân Lêmnos, mei't der net yn 'e buert fan 'e man te ferkearen wie. Filoktêtês wie nammentlik biten troch in slange, wat him in atterjende wûne besoarge hie dy't sân oeren yn 'e wyn stonk, en dêrby jammere en kjirme er allegeduerigen, om't er oanhâldend folterjende pine litte. Mar by de dea fan 'e healgod Hêraklês hie dyselde syn magyske bôge, dêr't men pylken mei ôfsjit dy't nea misse, taparte oan Filoktêtês, en nei't de Trojaanske Oarloch him al hast tsien jier fuortsleept, krije de Griken in foarsizzing fan 'e Trojaanske sjenner Hélenos te hearren, dat Troaje nea falle sil as de Griken Filoktêtês en de bôge fan Hêraklês net oan har kant hawwe. Dat sadwaande sette Odusseus en Neoptólemos, de opslûpen soan fan Achilles, ôf nei Lêmnos om dêr Filoktêtês te oertsjûgjen om mei har werom nei Troaje te gean. Dat putsje sil har noch net licht falle, mei't Filoktêtês Odusseus oant yn it djipst fan syn siel hatet fanwegen it feit dat dy him op Lêmnos ferret en yn 'e steek litten hat.

Filoktêtês iepenet mei de oankomst fan Odusseus en Neoptólemos op it eilân. Odusseus leit de jonge út dat Filoktêtês de Griken nea helpe sil as se him de wierheid fertelle, en alhielendal net as er wit dat Odusseus derby belutsen is. Dêrom moat Neoptólemos moat no in skandlike die begean om neitiid yn 'e striid gloarje winne te kinnen: hy moat Filoktêtês foarlige om him safier te krijen dat er docht wat se wolle. Neoptólemos sjocht dêr earst neat yn, want bedragerij is him net eigen, dat Odusseus moat o sa op him ynprate, mar úteinlik giet er akkoart. Wylst Odusseus him ferskûlet, siket de jonge dan Filoktêtês op en makket dy wiis dat hy Odusseus ek hatet, om't dy him syn heite erfdiel ûntnadere hat. As er op dy manear ienris it fertrouwen fan Filoktêtês wûn hat, lit dy him de bôge fan Hêraklês sjen.

Filoktêtês, troch Jean-Germain Drouais.

Krekt as Neoptólemos de bôge yn 'e hannen hat, falt Filoktêtês yn ûnmacht troch ien fan syn pine-oanfallen. Dat is de jonge syn kâns om mei de bôge út te naaien, mar hy stiet yn twastriid, en úteinlik kiest er foar de earbere wei en wol er Filoktêtês syn wapen weromjaan. Op dat stuit springt Odusseus foar 't ljocht om him dat te behinderjen. Nei't se in hoart mei-inoar redendield hawwe, wit Neoptólemos syn sin troch te setten, dat Filoktêtês kriget syn bôge werom. Nei in stikmannich drigeminten oer en wer moat Odusseus dan sjen dat er fuortkomt. Neoptólemos besiket Filoktêtês oer te heljen mei him te gean troch him de wierheid te fertellen, mar dy hâldt stiiffêst syn wegering fol. Uteinlik stimt de jonge der dan mar yn ta om Filoktêtês werom nei hûs, yn Grikelân, te bringen. De missy liket mislearre. Mar dan ferskynt ynienen Hêraklês, dy't nei syn dea in godheid wurden is, om Filoktêtês troch te dwaan dat syn foet genêze sil en de Griken de oarloch winne sille as er mei Neoptólemos nei Troaje giet. Dêrop ûnthjit Filoktêtês einlings om, mei syn sjitark, de jonge dêrhinne te beselskipjen.

Wat dernei kaam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dat is de ein fan it toanielstik (want it wie in bekend ferhaal en it publyk fan dy dagen wist wol hoe't it ferhaal einigje soe). Filoktêtês jout him by de Grykske belegerders fan Troaje, dêr't syn foet genêst en hysels gloarje wint yn 'e striid, troch withoefolle Trojanen, wêrûnder Paris, te deadzjen.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Filoktêtês ferskynde yn 1991 yn ien bân mei twa oare toanielstikken fan Sofoklês (Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos) ûnder de titel Sofoklês: Trije Trageedzjes. De fertaling wie fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma (ek ferantwurdlik foar de Fryske oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee), dy't it boek yn eigen behear yn in beheinde oplaach fan twahûndert eksimplaren útjaan liet by Utjouwerij Van der Eems te Easterein. Yn 1993 waard oan Bruinsma de dr. Obe Postmapriis takend foar syn oersetting Sofoklês: Trije Trageedzjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sofoklês, Sofoklês: Trije Trageedzjes, Easterein, 1991 (Utjouwerij Van der Eems), ISBN 9 08 00 57 738.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

de oerlevere toanielstikken fan Sofoklês
Aias | Elektra | Filoktêtês | De Froulju fan Trakhis | de Tebaanske Trilogy (Kening Oidipoes • Oidipoes yn Kolonos • Antígoné)