Feytsmastate (Huzum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Feytsmastate yn 1722

Feytsmastate, Feijtsmastate, Bootsmastate of Riniastate wie in state by Huzum, gemeente Ljouwert dêr't no de Ljouwerter strjitte ‘Stinzenflora’ leit. Fan de state is neat werom te finen.

It boujier is ûnbekend, mar de âldst bekende bewenner fan de stins wie Hessel Jelgers Feijtsma. Hy wenne hjir yn de twadde helte fan de 15e iuw en wie folbloed Skieringer. Sa ticht by it Fetkeaperske Ljouwert wie dat fansels freeggje om swierrichheden. Yn 1498 waard dizze stins dan ek troch de Ljouwerters ferwoaste, krektas Aebinghastate en de states yn Goutum en Wurdum. De stiennen soenen letter troch hartoch Albrecht fan Saksen brûkt wurde om de stedspoarten fan Ljouwert te bouwen. De tasizzing dat de stiennen fergoede wurde soenen, kaam hy net nei, ûndanks it feit dat de Skieringers syn bûnsgenoaten wienen.

Letter komt der in pakesizzer, ek in Hessel, op de nij boude state te wenjen. Hy hie in goede ferstânhâlding mei syn buorlju op Aebinghastate. Tegearre mei ûndermear Epo fan Douwma en Epo fan Bootsma waard Hessel fan Feitsma yn 1568 foar Alva dage fanwege herfoarmingsgesinde aksjes. Ek hied er gjin sin yn in skynproses en kaam net opdagen, ûndanks it feit dat it Spaanske gesach drige om syn besittings te ferkeapjen. Hy is doe grif nei Emden flechte, dat destiids in hast folsleine Nederlânske stêd wie troch alle flechtlingen dy't dêr wennen.

Yn it begjin fan de 17e iuw kaam it hûs yn besit fan in jonkhear Van Rinia. Neffens in keapakte fan 13 juny 1625 keapet Jhr. Abbe fan Bootsma "sekere alsulcke aenpart landen als Dr. Haije Rinia aengeervet en bij Testament gemaeckt sijn van Hessel van Feijtsma des selues olde Oom in sekere twe Saeten lands beijde gelegen onder Clockslagh van Huysum, d'eene groot omtrent 80 pmt. zijnde Feijtsma State tegenwoordig bij de coper bewoont en gebruyckt". Letter waard it bewenne troch T. Poppinga.

Yn jannewaris 1680 waard der ynventaris makke op Feytsmastate: "Huysinge, hovinge, boomen en plantagie sampt Schuyre, Gracht en Zingels, alsmede trecht van Swaene Jacht, mitsgaders twee legersteden in de kercke". De state hie yn grutte en foarkommen in soad fan Abbingastate. Yn 1697 waard de state ferkocht oan sekretaris Tacitus Taco Buma en Heynardus Dotingh. Yn de earste helte fan de 18e iuw waard de state ôfbrutsen en kaam der in pleats foar yn it plak. Wesselius skreau oer de pleats: In het begin der 18e eeuw is die boereplaats moedwillig in brand gestoken door eene dienstmaagd, daartoe bekogt door eene nieuwe rok, welke brandstichtster deswesgen door het hof gestraft is.

Yn 1787 waard Huzum beskreaun yn de ‘Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden; veertiende deel; vervattende het vervolg der beschryving van Friesland’, meast ôfkoarte ta ‘Tegenwoordige Staat van Friesland’: Huizum, liggende zeer naby Leeuwarden, doch buiten den klokslag dier Stad. …… hier ligt ook Bootsma, waar van de Edelen van dien naam beroemd, doch reeds voor langen tyd uitgestorven zyn.....

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • < 1500 Hessel Jelgers Feijtsma
  • > 1500 Hessel fan Feitsma (pakesizzer fan foarige)
  • famylje Fan Bootsma
  • begjin 17e iuw jonkhear Van Rinia
  • T. Poppinga
  • 1697 Taco Buma en Meynardus Dotingh
  • 1701 Meynardus Doting en echt. Sara Acronius
  • 1753 Harmen Reiners mastertimmerman - lit de state ôfbrekke

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Skiednis fan Huzum
  • G. Abma - Ljouwerteradiel, 1984
  • Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden; veertiende deel; vervattende het vervolg der beschryving van Friesland
  • Website Historisch Centrum Leeuwarden: Dorpen in Leeuwarderadeel
  • Rita Mulder-Radetzky - Feijtsmastate te Huizum, een vergeten state in Aldlân