Springe nei ynhâld

Fernuniversität Hagen

Ut Wikipedy
Fernuniversität in Hagen
Lokaasje
Lân Dútslân
Plak Hagen
Oare bysûnderheden
Oprjochting 1974
Rektor Ada Pellert
Tal studinten 74.205 (2018)
Offisjele webside
www.fernuni-hagen.de
Haadgebou fan de Fernuniversität Hagen

De Fernuniversität in Hagen (Ofstânsuniversiteit yn Hagen) is in Dútske universiteit dy't universitêr ôfstânsûnderwiis biedt. De universiteit is fêstige yn de stêd Hagen. Dêrneist hat de universiteit yn oare Dútske stêden en yn it bûtenlân regionale stúdzjesintra. Mei sa likernôch 75.000 studinten is it de grutste universiteit fan Dútslân.

De universiteit sette yn 1974 útein as universiteit en hegeskoalle. Sûnt 2003 wurde der inkeld noch universitêre stúdzjes oanbean. De universiteit kriget oerheidsjild en de diploma's fan de Fernuniversität Hagen binne lykweardich oan diploma's fan reguliere universiteiten.

Yn april 2018 hie de universiteit 85 professoaren yn tsjinst[1].

De universiteit is hat de neikommende fakulteiten:

Regionale stúdzjesintra

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De regionale stúdzjesintra binne dependânses fan de Fernuniversität Hagen yn Dútslân en it bûtenlân. Sa hawwe studinten de mooglikheid om (relatyf) tichtby hûs aktiviteiten by te wenjen, toetsen te meitsjen, literatuer te lêzen of fragen te stellen.

De 13 Dútske regionale stúdzjesintra binne fêstige yn: Berlyn, Bonn, Coesfeld, Frankfurt am Main, Hagen, Hannover, Hamboarch, Karlsruhe, Leipzig, München, Neuss, Nürnberg en Stuttgart.

It stúdzjemateriaal kin de hiele wrâld oer stjoerd wurde sadat in stúdzje yn it bûtenlân ek mooglik is. De universiteit hat gearwurkingspartners en stúdzjesintra yn: Eastenryk, Hongarije, Letlân, Ruslân en Switserlân.

Oantal studinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Untjouwing fan it tal studinten oan 'e Fernuniversität Hagen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Daten-Zahlen-Fakten op de webside fan de Fernuniversität Hagen (lêst sjoen op 1 augustus 2018)
 
Universiteiten yn Dútslân
Baden-Wuertemberch

Ruprecht-Karls-Universiteit Heidelberch - Universiteit fan Freiburg - Karlsruher Ynstitút foar Technology - Universiteit fan Konstanz - Universiteit fan Mannheim - Universiteit fan Hohenheim - Universiteit fan Stuttgart - Universiteit fan Tübingen - Universiteit fan Ulm - Zeppelin Universiteit (Friedrichshafen)

Beieren

Universiteit fan Augsburg - Universiteit fan Bamberg - Universiteit fan Bayreuth - Katholische Universität Eichstätt-Ingolstadt - Universiteit fan Erlangen-Nuremberg - Ludwig Maximilian Universiteit München - Bundeswehr Universiteit München - Technyske Universiteit fan München - Ukrainische Freie Universität München - Universiteit fan Passau - Universiteit fan Regensburg - Universiteit fan Würzburg

Berlyn

Frije Universiteit fan Berlyn - Humboldt Universiteit fan Berlyn - Technyske Universiteit fan Berlyn - Universiteit fan de Keunsten Berlyn

Brandenburch

Brandenburch Universiteit fan Technology - Viadrina European University (Frankfurt an der Oder) - Universiteit fan Potsdam

Bremen

Universiteit fan Bremen

Hamburch

Universiteit fan Hamburch - Hamboarch Universiteit fan Technology - HafenCity Universiteit Hamburch - Helmut Schmidt Universiteit

Hessen

Technyske Universiteit Darmstadt - Johann Wolfgang Goethe-Universiteit Frankfurt am Main - Universiteit fan Giessen - Universiteit fan Kassel - Universiteit fan Marburg

Meklenburch-Foarpommeren

Universiteit fan Greifswald - Universiteit fan Rostock

Nedersaksen

Technyske Universiteit Breunswyk - Universiteit fan Göttingen - Universiteit fan Hannover - Universiteit fan Hildesheim - Leuphana Universiteit fan Lüneburg - Carl von Ossietzky Universiteit (Oldenburg) - Universiteit fan Osnabrück - Universiteit fan Vechta

Noardryn-Westfalen

Rynlânsk-Westfaalske Technyske Hegeskoalle Aken - Universiteit fan Bielefeld - Ruhr-universiteit (Bochum) - Universiteit fan Bonn - Universiteit fan Keulen - Technyske Universiteit fan Dortmund - Universiteit fan Duisburg-Essen - Heinrich Heine-Universiteit (Düsseldorf) - Universiteit fan Hagen - Universiteit fan Múnster - Universiteit fan Paderborn - Universiteit fan Siegen - Witten/Herdecke Universiteit - Universiteit fan Wuppertal

Rynlân-Palts

Universiteit fan Kaiserslautern - Universiteit fan Koblenz en Landau - Universiteit fan Mainz - Dútske Universiteit foar Bestjoerlike Wittenskippen, Spiers - Universiteit fan Trier

Saarlân

Universiteit fan Saarlân

Saksen

Technyske Universiteit Chemnitz - Technyske Universiteit Dresden Technische Universiteit en Mynbouskoalle Freiberg - Universiteit fan Leipzig

Saksen-Anhalt

Technyske Universiteit Clausthal -Martin Luther Universiteit fan Halle-Wittenberg - Universiteit fan Magdeburg

Sleeswyk-Holstein

Universiteit fan Flensburch - Universiteit fan Kiel - Universiteit fan Lübeck

Tueringen

Universiteit fan Erfurt - Technyske Universiteit Ilmenau - Universiteit fan Jena - Bauhaus Universiteit Weimar

· · Berjocht bewurkje