Fernuniversität Hagen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fernuniversität in Hagen
Uni hagen logo.svg
Motto Ipsa Scientia Potestas Est
(De wittenskip sels is macht)
Plak Hagen
Lân Dútslân
Oprjochte 1974
Rektor Ada Pellert
Tal studinten 74.205 (2018)
Webside www.fernuni-hagen.de webside
Haadgebou fan de Fernuniversität Hagen

De Fernuniversität in Hagen (Ofstânsuniversiteit yn Hagen) is in Dútske universiteit dy't universitêr ôfstânsûnderwiis biedt. De universiteit is fêstige yn de stêd Hagen. Dêrneist hat de universiteit yn oare Dútske stêden en yn it bûtenlân regionale stúdzjesintra. Mei sa likernôch 75.000 studinten is it de grutste universiteit fan Dútslân.

De universiteit sette yn 1974 útein as universiteit en hegeskoalle. Sûnt 2003 wurde der inkeld noch universitêre stúdzjes oanbean. De universiteit kriget oerheidsjild en de diploma's fan de Fernuniversität Hagen binne lykweardich oan diploma's fan reguliere universiteiten.

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 2018 hie de universiteit 85 professoaren yn tsjinst[1].

Fakulteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De universiteit is hat de neikommende fakulteiten:

Regionale stúdzjesintra[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De regionale stúdzjesintra binne dependânses fan de Fernuniversität Hagen yn Dútslân en it bûtenlân. Sa hawwe studinten de mooglikheid om (relatyf) tichtby hûs aktiviteiten by te wenjen, toetsen te meitsjen, literatuer te lêzen of fragen te stellen.

De 13 Dútske regionale stúdzjesintra binne fêstige yn: Berlyn, Bonn, Coesfeld, Frankfurt am Main, Hagen, Hannover, Hamboarch, Karlsruhe, Leipzig, München, Neuss, Nürnberg en Stuttgart.

It stúdzje materiaal kin de hiele wrâld oer stjoert wurde sadat in stúdzje yn it bûtenlân ek mooglik is. De universiteit hat gearwurkingspartners en stúdzjesintra yn: Eastenryk, Hongarije, Letlân, Ruslân en Switserlân.

Oantal studinten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untjouwing fan it tal studinten oan 'e Fernuniversität Hagen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Daten-Zahlen-Fakten op de webside fan de Fernuniversität Hagen (lêst sjoen op 1 augustus 2018)
 
Universiteiten yn Dútslân
Baden-Württemberg

Heidelberch - Freiburg - Karlsruhe - Konstanz - Mannheim - Hohenheim - Stuttgart - Tübingen - Ulm - Zeppelin Universiteit yn Friedrichshafen

Beieren

Augsburg - Bamberg - Bayreuth - Katholische Universität Eichstätt-Ingolstadt - Erlangen-Nuremberg - Ludwig Maximilian Universiteit München - Bundeswehr Universiteit München - Technyske Universiteit fan München - Ukrainische Freie Universität München - Passau - Regensburg - Würzburg

Berlyn

Frije Universiteit fan Berlyn - Humboldt Universiteit fan Berlyn - Technyske Universiteit fan Berlyn - Universität der Künste Berlin

Brandenboarch

Brandenburg Universiteit fan Technology - Frankfurt an der Oder - Potsdam

Bremen

Universiteit fan Bremen

Hamboarch

Universiteit fan Hamboarch - Hamboarch Universiteit fan Technology - HafenCity Universität Hamburg - Helmut Schmidt Universiteit

Hessen

Darmstadt - Frankfurt am Main - Giessen - Kassel - Marburg

Leechsaksen

Braunschweig - Göttingen - Hannover - Hildesheim - Lüneburg - Oldenburg - Osnabrück - Vechta

Meklenboarch-Foarpommeren

Greifswald - Rostock

Noardryn-Westfalen

Aachen - Bielefeld - Bochum - Bonn - Keulen - Dortmund - Duisburg-Essen - Düsseldorf - Hagen - Münster - Paderborn - Siegen - Witten/Herdecke - Wuppertal

Rynlân-Palts

Kaiserslautern - Koblenz-Landau - Mainz - Speyer - Trier

Saarlân

Universiteit fan Saarlân

Saksen

Chemnitz - Dresden Freiberg - Leipzig

Saksen-Anhalt

Clausthal -Halle-Wittenberg - Magdeburg

Sleeswyk-Holstein

Flensburg - Kiel - Lübeck

Tueringen

Erfurt - Ilmenau - Jena - Weimar