Ferlosser-Jakobkleaster (Rostov)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ferlosser-Jakobkleaster
Rostov Lake Nero Spaso-Yakovlevsky Monastery IMG 1725.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Yaroslavl Oblast.png Jaroslavl
plak Flag of Rostov (Yaroslavl oblast).png Rostov
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1389 (stifting); hjoeddeiske gebouwen 17e-19e iuw
webside Side fan it kleaster

It Ferlosser-Jakobkleaster (Russysk: Спасо-Яковлевский монастырь; Spaso-Jakovlevski Monastir) is in otterdoks kleaster oan it Neromar yn Rostov, Ruslân. It giet werom op in stifting fan biskop Jakob yn de 14e iuw. It kleaster stiet oan de râne fan de stêd oan de lofter kant fan it kremlyn .

Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jakob fan Rostov

It kleaster waard stifte yn 1389 troch de biskop Jakob fan Rostov, dy't ferballe wie út syn stêd om't er it libben fan in ta de dea feroardiele frou sparre hie. Jakob ferhûze nei in plak súdlik fan Rostov en sette him by de (yn de jierren 1930 ferneatige) Tsjerke fan de Aartsingel Michael nei wenjen, dy't yn de 11e iuw troch de hillige Leontius fan Rostov boud wie. Op it plak wie in boarne (dêr't no in kapel út 1996 stiet) en hy boude mei eigen hannen in lytse houten tsjerke ta eare fan de Untfinzenis fan de Jongfaam Marije. Al gau setten har mear ferballe geastliken op it plak nei wenjen, dy't meiïnoar in monastike mienskip foarmen. Nei de dea fan biskop Jakob yn 1392 begûn de lokale ferearing fan de biskop as in hillige. De biskop waard hillich ferklearre yn 1549 en syn reliken lizze yn de Katedraal fan de Untfinzenis fan Sint-Anne.

Skiednis kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard Zatsjatjevski (Зачатьевским) neamd (nei de oan de Untfinzenis fan de Hillige Anne wijde katedraal) of Jakovlevski (nei de stifter fan it kleaster). Fan de 14e oant it lêste diel fan de 17e iuw bleaune alle gebouwen fan it kleaster fan hout. It âldste noch besteande gebou is Katedraal fan de Untfinzenis fan Sint-Anna (1686), dy't boud waard op it plak fan in houten foargonger en ynearsten wijd wie oan de Trije-ienheid. De fiifkoepelige katedraal hie trije apsissen en in tintefoarmige klokketoer mei seis klokken. Keunstners út Jaroslavl beskilderen de katedraal yn 1689. Boppe de skryn fan Sint-Jakob waard in stiennen skryn yn de foarm fan in baldekijn boud.

De skryn fan Demetrius fan Rostov; ôfbyld: Sergej Prokûdin-Gorski (1910)

Yn de jierren 1702-1709 bestjoerde de metropolyt Demetrius (1651-1709) it kleaster. Op fersyk fan Peter de Grutte kaam Demetrius nei Rostov op 1 maart 1702 yn it kleaster. Neffens de oerlevering soed er noch op de alderearste dei it plak oanwiisd ha dêr't er letter begroeven wurde moast: yn de súdwestlike hoeke fan de Trije-ienheidskatedraal (no dus de Untfinzeniskatedraal). Yn 1725 waard oan de Trije-ienheidkatedraal in noardlike kapel oanboud, dy't wijd waard oan Joachim en Anne en yn de 19e iuw op 'e nij boud waard as in aparte tsjerke.

Demetrius fan Rostov

De Trije-ienheidskatedraal feroare yn 1754 fan namme en fanôf dy tiid (oant hjoeddedei) is de katedraal wijd oan de Untfinzenis fan de Rjochtfeardige Anne. Op 21 septimber 1752 waarden de oerbliuwsels fan Demetrius yn it ramt fan de renovaasje fan de flier opgroeven. Sawol de klean as it lichem sels wiene net oantaast en waarden ûndersocht troch âldsten fan de tsjerke. Op 22 april 1757 fûn de hillichferklearring fan Demetrius plak en dat fersoarsake in grutte stream nije pylgers. Pylgers mochten yn in boek harren ferhalen oer mirakuleuze genêzings by de tombe fan de hillige fêstlizze en it manuskript, dat in tiidrek beslacht fan 1753 oant 1764, beskriuwt 288 gefallen fan genêzing. It manuskript wurdt tsjintwurdich bewarre yn de argiven fan it Rostov Museum. Keizerin Elizabeth Petrovna joech yn 1758 opdracht om foar de reliken fan Demetrius in sulveren skryn te meitsjen.

Yn de jierren 1794-1802 koe op kosten fan de greve Nikolai Sjeremetev (1751-1809) de Demetriuskatedraal boud wurde. It is in neoklassisistysk ûntwerp fan de Moskouse arsjitekt Nazarov en de liifeigenen Dûsjkin en Mironov. Sjeremetev woe foar de reliken fan Demetrius in weardige tsjerke, mar it bisdom respektearre de kar fan Demetrius sels foar de lokaasje fan syn grêf en joech gjin tastimming om de reliken oer te bringen. Nikolai Sjeremeetv wie de grutste filantroop yn de skiednis fan it kleaster en hy liet net allinne de katedraal bouwe, mar joech ek goud en sulver foar it liturgyske reau en klerikale klean. Ta neitins fan de filantroop wurdt de katedraal ek faak Sjeremetev neamd.

Fan lofts nei rjochts: Demetriuskatedraal, Jakobtsjerke en Untfinzeniskatedraal

De Sint-Jakobtsjerke waard yn 1836 op it plak fan de noardlike sydkapel fan de Untfinzeniskatedraal de Sint-Jakobtsjerke boud. De Jakobtsjerke grinzget sadwaande oan de katedraal.

Sovjet-tiid en weriepening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster moast yn 1923 de poarten slute en de gebouwen waarden brûkt om yn te wenjen en te wurkjen. De muontsen waarden ferballe en it kleasterbesit, lykas boeken en manuskripten kamen foar in diel yn it Rostov Museum telâne en waarden foar in diel plondere. Yn 1928 ferhûze in diel fan de manuskripten fan it eardere kleaster nei Moskou. Yn de jierren 1980 waard de barokke 18e-iuwske ikonostaze fan de Untfinzeniskatedraal ûntmantele. Fan de ikonostaze bleau allinne it raamwurk bewarre.

Op 15 april 1991 waard it kleaster werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. In beslút fan de Hillige Synoade op 7 maaie 1991 liede ta de weriepening fan it kleaster. Oer de boarne fan Sint-Jakob waard yn 1996 in nije, achthoekige kapel boud.

Nije kapel oer de boarne fan it kleaster

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle trije tsjerken op it kleastergebiet steane yn in rige oan de eastlike muorre.

  • Katedraal fan de Untfinzenis fan de Hillige Anne (1686); de tsjintwurdige katedraal (oarspronklik wijd oan de Trije-ienheid) waard boud yn 1686. De fresko's yn de tsjerke binne bewarre bleaun.
  • Demetriustsjerke (1795-1801)
  • Tsjerke fan Sint-Jakob, biskop fan Rostov (1836)

Tichteby it kleaster stiet de Ferlosser op it Sân-tsjerke; de eardere katedraal fan it troch Katarina de Grutte ophefte Spaso-Pesotski kleaster. Alhoewol't de tsjerke bûten de kleastermuorren stiet, heart it fiifkoepelige gebou by it Ferlosser-Jakobkleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Яковлевский монастырь