Ferlosser op it Sân-tsjerke

Ut Wikipedy
Ferlosser op it Sân-tsjerke

Церковь Спаса на Песках

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Rostov
koördinaten 56° 10' N 39° 23' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 17e iuw
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7610154000
offisjele webside
Side fan it Ferlosser-Jakobkleaster

De Tsjerke fan de Ferlosser op it Sân is oarspronklik de katedrale tsjerke fan it Spaso-Pesotski kleaster (Спасо-Песоцкий монастырь) yn Rostov, Ruslân. Katarina de Grutte skafte it kleaster ôf, mar de 17e-iuwske katedraal bleau bewarre en wurdt beheard troch de muontsen fan it eastlike oangrinzgjende Ferlosser-Jakobkleaster. It is net mooglik om de tsjerke te besjen.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Spaso-Pesotski kleaster waard yn de twadde helte fan de 13e iuw stifte troch prinses Marija, dochter fan prins Michael fan Tsjernigov en de frou fan prins Vasilko fan Rostov. Prinses Marija waard yn 1271 sels begroeven ûnder de Ferlossertsjerke fan it kleaster. Ek har soan Gleb Vasilkovitsj waard tegearre mei syn frou, in pakesizzer fan Batû Khan, letter op 'e nij begroeven yn it kleaster.

Oant it ein fan de 16e iuw wiene de gebouwen en de palissade fan it kleaster fan hout. It earste stiennen gebou waard tsjin it ein fan de 16e iuw boud (of yn it begjin fan de 17e iuw) en dat wie Transfiguraasjekateraal. Neffens in 19e-iuwske ynskripsje lofts fan it haadportaal waard de katedraal op 1 july 1603 ynwijd. Yn de 17e iuw waard by de katedraal in oan Sint-Joris wijde wintertsjerke boud mei in nij portaal mei dêrop in tintefoarmige klokketoer, dy't de nije tsjerke ferbûn mei de Ferlossertsjerke.

Under biskop Iona Sisojevitsj (1607-1690) waard de Transfiguraasjekatedraal folslein ferboud. De fiifkoepelige tsjerke hat oan de noardlike kant in galerij mei dekoraasjes fan keramyk. Oan de westlike kant is in narteks.

Opheffing kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1764 waard it Spaso-Pesotski kleaster mei it dekreet fan Katarina de Grutte opheven. In jier letter waard it opheven kleaster tawiisd oan it oanbuorjende Ferlosser-Jakobkleaster.

Yn de jierren 1860 waard de Sint-Joristsjerke, de klokketoer en it portaal dat de twa tsjerken meiïnoar ferbûn, ôfbrutsen. Mar de Ferlossertsjerke bleau bewarre en brûkt as grêftsjerke fan de muontsen. Yn it tiidrek fan de Sovjet-Uny rekke de tsjerke yn ferfal. Nei't it Ferlosser-Jakobkleaster yn de jierren 1990 werom jûn waard oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke waard de tsjerke renovearre en wytkalke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Песоцкий монастырь